KFE: Poieszaksje, jimme stipe nedich!

Achte leden fan keatsferiening Easterein en doarpsbewenners,

 

SÛnt 3 febrewaris rint de Poiesz Jeugd Sponsor Actie!

De Jeugd Sponsor Actie rint fan moandei 3 febrewaris o/m 30 maart 2014 by Poiesz supermarkten.

 

 


 

Mar wat is de tuskenstân fan de aksje: Poiesz Jeugdsponsoractie Tuskenstân

Sa jimme sjen kinne steane we net boppeoan! Mar wol hast ûnderoan!

Der moat dus wat gebeure! 

 


 

AKSJE

En derom steane wy kommende sneon mei trije ploechjes jeugdleden yn Skearnegoutum foar de promoasje om ekstra punten te fertsjinje foar de KF Easterein.

 

Freed sille we in moaie kream oanklaaie mei ballonnen en shirts fan keatsferiening Easterein. Sneon wolle we de minsken graach as ekstra stimulearje om harren sponsorpunten oan keatsferiening Easterein te skinken.

 

De minsken kinne dan de kassabon ynleverje mei ahrren tillefoannûmer. Op dizze kassabonnen stiet beskreaun dat keatsferiening Easterein de sponsorpunten krigen hat. Se kinne dan in prachtige orginele paraplu of in oar aardich kado fan keatsferiening Easterein winne.

 

Dat leden, doarspbewenners en oare minsken dy’t de keatsferening Easterein in waarm hart tadrage, op nei Skearnegoutum, gesellich winkelje en de sponsorpunten skinke oan keatsferiening Easterein!

 

 

TIGE TANK foar jimme stipe!

  

 


Stypje keatsferiening Easterein as de wjerlocht mei dizze Super Jeugd Sponsor Aanbieding. Ekslusyf foar Voordeel Clubpas houders! Helje de Voordeel Clubpas fan ús feriening no op by de Jongereinkommisje of by de kassa fan de Poiesz supermarkt oan de Legedyk 30 yn Scharnegoutum.

 

 

Oanbieding De Jeugd Sponsor Actie 24 febrewaris o/m 2 maart by Poiesz supermarkten.

 FB super-jeugd-sponsor-aanbieding week 9 

Troch de Voordeel Clubpas pas skanne te litten by de kassa wurde de digitale sponsorpunten takint oan ús fereniging. Tagelyk wurde de euro’s foardiel fan de Jeugd Sponsor Aanbiedingen ôflutsen fan it kassatotaal fan de klant.

 

Het sponsorjild komt te goede oan de jeugdôfdieling. De Voordeel Clubpas fan keatsferiening Easterein is te krijen fia de Jongereinkommisje of by de kassa fan de Poiesz supermarkt oan de Legedyk 30 yn Scharnegoutum..

 

 

Mear oer de Jeugdsponsoractie: Ynformaasje Jeugdsponsoractie