Skip to content

Traine by KF Easterein!

 

It is wer tiid om oan it lytse baltsje te tinken!

 

Op woansdei 6 april begjinne yn Easterein de sealtrainingen foar de jeugd alwer.

Der is hjir en dêr noch wol romte foar in oantal keatsers om mei te trainen.

Dus ha jim (of jim heit en mem) ferjitten jimme op te jaan? Dan kin dat noch altyd!

Stjoer dan efkes in mailtsje nei training@kfeasterein.nl.

Wy hoopje jimme allegear kommende woansdei 6 april te sjen yn de Sporthal fan Easterein.

 

Dêrneist begjinne tiidsdei te jûn ek de stipepunttrainingen foar de froulju.

Dus falle jo yn de kategorie junioaren/senioaren froulju? En binne jo fan plan om sa no en dan de Fryske greiden troch de fleanen om hjir en dêr in potsje te keatsen?

Jou jimme dan no op! Want ek hjir is noch wol wat romte foar nije talinten om mei te trainen.

 

Ha jo, of jo bêrn noch nea keatst? Dan is der de moochlikheid om de earste training gratis mei te dwaan, sadat jimme efkes kennis meitsje kinne mei dit moaie Fryske spultsje.

Lit it ús dan ek efkes witte op training@kfeasterein.nl.  Wij binne altyd tige wiis mei ús nije (en âlde) leden!

 

Oant takom wike!

 

Ut neamme fan de trainers,

Bauke DIjkstra

Back To Top