KFE: Ynformaasje keatskamp

START OPJEFTE KEATSKAMP!

20140404 Keatskampromoasje1

 

Hjoed binne Marije en Imke op paad west nei de basisskoalle om de bern enthousiast te meitsjen foar it keatskamp. En dat it slagge! Net allinne Marije en Imke wienen yn it blau en rôze klaaid, se hiene ek yn dy kleuren ballonnen en opjêftebryfkes mei. Alles yn dy kleuren, omdat der tidens it hiele kamp in striid wêze sil tusken de jonges en de fammen. Mei alle trainingen, spultsjes en oare ûnderdielen binne punten te fertsjinjen.

 

De earste punten binne hjoed al fertsjinne. Yn de ballonnen sieten namlik bonuspunten ferstoppe. Yn’e klasse ha de bern ballonnen stikken prikte en stampe om te sjen at se punt fûn hienen. De striid is dus begûn, mar ek de mooglikheid om jim op te jaan.

Doch dat by Imke op Skoallestrjitte 50!

 

 

Foar mear ynformaasje oer it kamp, sjoch by Jongerein, Keatskamp.

Hjir stiet ek de link foar de opjefte!

Gjin lid mar al op kamp? Wurd dan lid: Sjoch by Ynformaasje, Lidmaatskip.

 

 
Fragen kinne maile wurde nei keatskamp@kfeasterein.nl

 

Graach oant 30 april, 1 en 2 maaie! Pytrik, Bauke, Marije en Imke