Keatskamp – opjefte

 

Keatskamp ‘Keatsferiening Easterein’

20140404 Keatskampromoasje1 

Foar it earst sûnt 1904 sil KF Easterein in keatskamp organisearje foar de kabouters, welpen, pupillen en de skoaljeugd fan ús feriening. Dit keatskamp sil plak fine op woansdei 30 april, tongersdei 1 maaie en freed 2 maaie 2014.

 

 

Wij wolle jimme tidens dit keatskamp in goede tarieding biede op it kommende keatsseizoen. Neist in te gek rekreaasjeprogramma, lekker iten, in ‘special guest’ en de kâns om in kear yn de kantine te sliepen, stean der fansels ek in soad leuke trainingen op it programma.

 

Jimme sille tegearre mei ús diplomearre trainers wurkje oan jim technyk, kondysje, taktyk en mentaliteit. Nei it kamp sille jimme wer hielendal klear wêze foar de wedstriden dy der oan stean te kommen. Sa’n twa wiken foar it kamp sille jimme in programmaboekje troch de bus krije, hjiryn kinne jimme alle fierdere ynformaasje fine.

 

It is de bedoeling dat de welpen, pupillen en skoaljeugd oernachtsje sille yn de sportkantine. Foar de kabouters jildt dat sij nei it waarm iten nei hûs ta gean, en dat se moarns mei it moarnsbrochje wer yn de kantine ferwachte wurde.

 

 

Opjefte en kosten

Fansels binne der al wat kosten oan dit keatskamp ferbûn.

 

Foar de kabouters binne de kosten € 15,00 p.p.

Foar de welpen, pupillen en skoaljeugd binne de kosten € 20,00 p.p.

Hjir sit it iten, drinken, sliepen, de trainingen en alle oare kosten bij yn. 

De kosten graach kontant betelje bij de opjefte.

 

 

Opjaan kin oant en mei woansdei 18 april 2014.

Jimme kinne it opjefteformulier en it jild ynleverje bij:

Imke van der Leest Skoallestrjitte 50 8734 GN Easterein


OPJEFTEBRIEFKE graach delhelje en ynfolje

 


 

 

 

Frijwilligers

Wij ha al in hiel soad minsken ree fûn om ús te helpen tidens it keatskamp. Mar fansels kinne we altyd noch wat help fan âlders brûke. Tink derby oan it bakken fan pankoeken/patat, of it skjinmeitsjen fan de kantine. As jimme ús hjir graach mei helpe wolle dan kinne jimme dat oanjaan op it opjefteformulier.

20140404 Keatskampromoasje2 

Wij hoopje jimme hjirmei foldwaande ynformearre te hawwen. En we meitsje der mei syn allen in ûnferjitlik earste, en seker net lêste, keatskamp fan!

 

 

De keatskampkommisje,

Imke 

Marije (0630151578)

Pytrik (0636105822)

Bauke (064405088)

Fragen kinne ek per e-mail stjoerd wurde nei: keatskamp@kfeasterein.nl