KNKB manlju 1e klasse ûnbeperkt f.f.

Mei it sintsje der by om 10.00 oere, setten wy hjoed útein mei in moaie list fan 21 manne-partoeren. In protte spannende partijen makke dat it in leuke dei wie om nei keatsen te sjen. Wat skiedsrjochters oanbelanget koenen wy wol in floek hawwe yn Easterein, want in moanne lyn by de froulju wie de skiedsrjochter siik en no healwei de 1e omloop gong dhr. van Wier troch syn knibbel. Lokkich wie der in masseur oanwêzich en waard de lieding oernommen troch Michel v/d Veen en Dirk Yde Sjaarda. Grutte klasse. It foel úteinlik mei en de skiedsrjochter koe it letter sels wer oernimme. Mei help fan genôch karmasters en keatsoanmerkers (jongsten wienen 6 jier en ‘yn oplieding’) foel om 16.40 de lêste slach.

Yn de heale finale keatsten de partoeren Remmelt Bouma, Jelte Visser en Nick Leistra tsjin Auke Boomsma, Hyltje Bosma en Steven de Bruin. It partoer fan Jelte-Pieter Dijkstra, Renze Hiemstra en Hendrik Kootstra hienen hjir in steand nûmer. Remmelt Bouma c.s. wûnen mei 5-1 6-0 en stoenen hjirmei ek yn de finale.

It like as gongen Jelte-Pieter Dijkstra c.s. non-stop nei de oerwinning. Mar in 3-0 foarsprong waard byhelle oant 3-3. Dernei gong it lykop en waard it in echte finale. Uteinlik op 5-4 6-2 waard de partij beslikke mei in bûtenslach en wienen de krânsen foar Jelte-Pieter Dijkstra, Renze Hiemstra en Hendrik Kootstra.

1:   Jelte-Pieter Dijkstra, Renze Hiemstra en Hendrik Kootstra
2:   Remmelt Bouma, Jelte Visser en Nick Leistra
3:   Auke Boomsma, Hyltje Bosma en Steven de Bruin