Ferslach en foto’s pearke-keatsen!

 

Lykas oare jierren stie op earste pinksterdei it pearke-keatsen op ús aginda. Under prachtige waarsomstannichheden waard der om raak keatst, mei in protte spannende en lange keatspartijen. 

A-klasse
Yn de A-klasse waard der keatst yn 2 poules fan 3 partoeren neffens it saneamde ‘Sneker-systeem’, wêrby elts partoer in kear keatst tsjin de partoeren út de oare poule. Dêrtroch kin eltsenien 3 kear keatse en hoecht der net ien te wachtsjen.

De winst gong úteinlik nei de titelferdigeners fan ferline jier, Jetske Sieperda en Marten Faber. Sy wûnen harren earste wedstriid fan Tessa Booms en Doede-Rients Okkema mei 5-5 6-4. De twadde partij gong in stik makkeliker mei 5-1 6-2 tsjin Sanne Jorritsma en Remon Bouma. 

Yn de lêste wedstriid moast de beslissing folgje, want ek Wiepkje Hiemstra en Robert Sybesma wûnen harren earste 2 wedstriden tsjin respektivelik Sanne en Remon (5-4 6-6) en Janieke Dijkstra en Tjeerd Dijkstra (5-6 6-2). In tige spannende striid dus, dy’t úteinlik yn it foardiel beslikke waard fan Jetske en Marten. Sy keatsen harren lêste wedstriid tsjin Janieke en Tjeerd en krigen minder earsten tsjin (5-3 6-6) dan Wiepkje en Robert (5-4 6-2 winst tsjin Tessa en Doede-Rients).


B-klasse

Yn de B-klasse hienen we in moaie list mei 11 partoeren. Yn de ferliezersronde wienen de prizen foar it pearke Dieuwke en Hans Kooistra (1e) en Sieta Tessemaker en Peter Stuiver (2e). Yn dizze finale like it in iensidige striid te wurden yn it foardiel fan Dieuwke en Hans. Mar as echte ‘diesels’ kamen Sieta en Peter hieltiten mear yn de partij mar moasten dochs belies jaan mei 5-5 4-6.

Yn de winnersronde wie de tredde priis foar Petra Jellema en Sipke Hiemstra. Yn de heale finale ferlearen sy fan de letter preemjewinners Hiltsie en Hotze Jellema mei 5-4 6-2. De finale waard in tige spannende striid tusken Hiltsie en Hotze oan de iene kant en Vera de Vries en Harm-Auke Dijkstra oan de oare kant. De lêste slach foel op 5-5 6-4.

C-klasse
Yn de C-klasse waard der keatst yn in poule fan 4 partoeren, dy’t allegearre in kear tsjinelkoar oantrede mochten. Der wie úteinlik 1 partoer mei 3 winstpartijen en dat wiene Klaske Plantinga en Jan Bouke Bouma. Sy gongen dus mei de krânse om de nekke nei hús. De twadde priis wie foar Miriam en Hendrik Okkema. 

 

De priiswinners:

A klasse
1e priis: Marten Faber en Jetske Sieperda
2e priis: Robert Sijbesma en Wiepkje Hiemstra

B klasse
1e priis: Harm Auke Dijkstra en Vera de Vries
2e priis: Hotze Jellema en Hiltsje Jellema
3e priis: Sipke Hiemstra en Petra Jellema

1e priis ferl.: Hans Kooistra en Dieuwke Kooistra
2e priis ferl.: Peter Stuiver en Sieta Tessemaker

C klasse
1e priis: Jan Bouke Bouma en Klaske Plantinga
2e priis: Hendrik Okkema en Miriam Okkema