KNKB: NK 2014 Junioaren en 50+

Oankommende sneon 5 july binne alwer de lêste NK-wedstriden foar dit seizoen.

En op beide wedstriden binne wy presint mei in partoer

 

 

St Nyk – NK Manlju 50+

Foar Easterein komme yn aksje de 50-plussers Douwe Druk Reitsma, Sipke Hiemstra en Tjerk Okkema. Hja begjinne de dei as partoer 16 tsjin it thús-keatsende St Nyk.

 

LIST 50+

 

Tsjummearum – Junioaren

De junioaren fan Easterein binne Doede Rients Okkema, Bote Jellema en Remon Tie Bouma. Dizze mannen sille as partoer 15 oan de dei begjinne tsjin Holwert. Der binne op dizze NK Junioaren, ek wol neamd de Jong Nederlân, 20 partoeren.

 

It NK Junioaren giet foarôf oan de Jong-Feinte en we hoopje fansels dizze partoeren ek yn Easterein werom te sjen.

 

LIST JUNIOAREN

 

 

We winskje alle partoeren fansels in hiel protte sukses en dat it in lange keatsdei wurde mei!