KNKB: NK Froulju en skoalbern

Sneon 21 juny wurde der wer trije Nederlânsk Kampioenskippen ferkeatst en Easterein stiet op alle trije de listen!

 

St Jabik – NK Froulju

Foar Easterein komme yn aksje de froulju Tineke Dijkstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma mei coach Sybrand vd Wey. Hja begjinne de dei as partoer 24 tsjin Stiens.

LIST FROULJU

 

Menaam – Skoaljonges

Easterein hat ek in skoaljongespartoer op it NK, hartstikke moai!. De mannen Hindrik vd Eems, Rutger Wiersma en Kees vd Horst sille mei coach Gert-Jan Hiemstra as partoer 30 oan de dei begjinne tsjin Mantgum.

LIST SKOALJONGES

 

Dronryp – Skoalfamkes

Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra komme yn aksje as partoer 15 fan de moaie list fan 16. Mei coach Wiepkje Hiemstra begjinne hja de dei tsjin Menaam.

LIST SKOALFAMKES

 

 

We winskje alle partoeren fansels in hiel protte sukses en dat it in lange keatsdei wurde mei!