160ste PC
De 5de woansdei fan july 2013 is de 160ste PC. Fan Easterein docht (allinnich) Jelte Pieter Dijkstra mei. Herman Sprik fan Wytmarsum en Sjoerd de Jong fan St Anne binne de maten dêr’t Jelte Pieter woansdei op it Sjûkelân de keatsarena yn sil gean.
De tsjinstanner is it 1e klas partoer fan Hay Jan Nicolay, Hendrik Jan vd Velde en Jan Schurer. Dit partoer hat ek al in oantal kearen op de haadklasse stien en docht it goed.
Jelte Pieter c.s. binne partoer seis en sitte fierder yn it blokje mei it 1e klas partoer fan Enno Kingma, Dylan Drent en Rick Poortstra. YN Arum hat dit partoer har sjen en hearre litten. De tsjinstanner fan dit partoer is it haadklassepartoer mei Menno van Zwieten, Folkert v.d. Wei en Hans Wassenaar.
Foar mear ynformaasje sjoch op de site fan PC Franeker.
Jelte Pieter, Herman en Sjoerd, in hiel soad sukses!
14de Ald-Meiers
De Ald-Meiers yn HItzum, DE ôfdielngswedcstriid foar famkes 14-16 jier is op sneon 3 augustus 2013. Easterein hat alle jierren noch meidien en wie suksesfol yn 2004 (3e priis: Tineke Yntema, Ineke Attema en Joutse OKkema), 2007 (1e priis: Jildou Jorritsma, Marije Hiemstra en Anke Marije Pompstra) en 2011 (1e priis: Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra)
Yn 2013 sille Baukje Terpstra, Dian Dijkstra en Nyncke Pytsje Terpstra de Eastereinder ear ferdigenje yn Hitzum. Ferline jier dy Nyncke Pytsje ek al mei en doe mei suster Margretha Terpstra en mei Gerry Edou Mollema. Se ferlearen doe fan Wommels yn de 1e omloop.
De lotting fan de Ald-Meiers is op tiisdei 30 july yn it Doarpshûs fan Hitzum. Sjoch foar mear ynformaasje op Hitzum.com.
Baukje, Dian en Nyncke Pytsje, in hiel soad sukses!
111de Freule
Yn Wommels is woansdei 7 augustus de Freulepartij. Foar Easterein dogge mei de jonges Bote Jellema, Doede Rients Okkema en Remon Tie Bouma. De Lotting fan de Freule is sneon om 20.00 oere yn it Reade Hynde te Wommels. Sjoch foar mear ynformaasje op www.kfwommels.nl
Yn 2012 stienen Doede Rients Okkema, Nies Douwe Yntema en Rémon Tie Bouma foar Easterein op de list. De jonges hellen knap de 3de omloop mar ferlearen doe fan Aldeleie mei 1-5:2-6.
Yn 1904, 1911 en 1991 hat Easterein de Freulepartij wûn.
Bote, Doede Rients en Remon Tie, in hiel soad sukses!