KNKB: PC, Ald-Meiers, Freule 2015

162ste PC

PC Kaatswedstrijd Franeker 22820

De 5de woansdei fan july 2015 is de 162ste PC. Fan Easterein docht foar it earst in folslein Eastereinder partoer mei: Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer.

Se ha lotte as partoer 8 tjin it haadklassepartoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar. De âld-Eastereinder Jelte Pieter Dijkstra is partoer 1 mei Hendrik Jan vd Velde en Evert Pieter Tolsma en mei fuort los tsjin Hendrik Tolsma, Allard Hoekstra en Thomas van Zuiden.

Foar Easterein hat Gerrit Okkinga twa kear de PC wûn. Yn 1962 mei Dreeuwes Smedinga (Harlingen) en Sjoerd Heeringa (Tzummarum). Yn 1963 mei Dreeuwes Smedinga (Harlingen) en Martinus Santema (Oosterlittens).

Foar mear ynformaasje sjoch op de site fan PC Franeker.

Dirk-Yde, Bauken en Jan, in hiel soad sukses!

LIST 162ste PC


16de Ald-Meiers

webaffiche2015

De Ald-Meiers yn HItzum, DE ôfdielngswedcstriid foar famkes 14-16 jier is op sneon 1 augustus 2013. Easterein hat alle jierren noch meidien en wie suksesfol yn 2004 (3e priis: Tineke Yntema, Ineke Attema en Joutse OKkema), 2007 (1e priis: Jildou Jorritsma, Marije Hiemstra en Anke Marije Pompstra) en 2011 (1e priis: Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra)

Yn 2015 sille Baukje Terpstra, Janieke Dijkstra en Jeska Terpstra de Eastereinder ear ferdigenje yn Hitzum. Se begjinne de dei as partoer 13 tsjin KImswert mei Anne Monfils en Rixt Fokkema. Der dogge 27 partoeren mei!

Sjoch foar mear ynformaasje op Hitzum.com.

Baukje, Janieke en Jeska, in hiel soad sukses!

LIST 16de ALD-MEIERS


113de Freule

image phpUKR7Av 

Yn Wommels is woansdei 5 augustus de Freulepartij. Foar Easterein dogge mei de jonges Kees vd Horst, Jorrit Veldman en Rutger Wiersma. De Lotting fan de Freule is sneon om 20.00 oere yn it Reade Hynder te Wommels. . Sjoch foar mear ynformaasje op www.kfwommels.nl

Yn 1904, 1911 en 1991 hat Easterein de Freulepartij wûn.

De jonges begjinne oan de Freule as partoer 23 en moatte earst los tsjin Grou.

Kees, Jorrit en Rutger, in hiel soad sukses!

LIST 111de FREULE