Keatskes: 02-08-2015

Op de 162ste PC wie der gjin sukses foar de Eastereinder keatsers. De 1e omloop der ôf. Sa ek op de Ald-Meiers yn Hitsum. De famkes koenen it krekt net risse tsjin Kimswert. It wie fieder wol wer in geweldige dei yn Hitsum. Wat in moaie partij en moaie winners!

We gean no op nei de Freule en de Frouljus PC. Foar de Freule is de lotting dien en de jonges Kees, Jorrit en Rutger ferdigenje de kleuren fan Easterein.

Foar de froulju is kommend wykein wichtich foar it pleatsen foar de Frouljus PC. De KNKB hat betocht dat lykas de manlju, ek de froulju in keats-off ha moatte. Dus wêr je oare jierren gewoan as nûmer 12 nei Akkrum gienen en op de PC stienen, dêr moatte je nei in hiel seizoen nochris keatse mei nûmers 13, 14 en 15. It frouljuskeatsen ius net manljuskeatsen en sil dat ek nea wurde. Dat lit it frouljuskeatsen it frouljuskeatsen!

Kommend wykein, snein 9 augustus ha we de manlju 1e klasse te gast yn Easterein, In prachtige klasse en moai keatsen!
Dat kom nei Easterein foar in gesellige keatsdei!


Woansdei 29 july


Frjentsjer – Manljus PC
Foar Dirk-Yde, Bauke en Jan wie der gjin ear te beheljen tsjin in doe sterk keatsende partoer fan Jan Dirk de Groot endy, 5-0:6-0.
Ald-Eastereinder Jelte Pieter Dijkstra koe it mei Hendrik Jan vd Velde en Evert Pieter Tolsma ek net wiermeitsje en ferlearen mei 1-5:6-6 fan Hendrik Tolsma endy.

Foto’s Henk Bootsma


Sneon 1 augustus


Burchwert – Manlju 50+ A+B

De trije dielnimmers fan Easterein sieten allegear yn de A-klasse. De krânsen wienen foar Sipke Hiemstra mei Evert Siderius Rie en Piet Zondervan Jorwert. Der wie in 3e priis foar Roel Sijbesma, Jan Buitenga Sint Nicolaasga en Ludwig Seerden Franeker. Simon Kingma foel net yn de prizen.

20150801Burchwert Manlju50

Wytmarsum – Jonges ôfdieling

Easterein ferlear de 1e omloop fan Rie. Yn de t.i.l.-wedstriid gjin priis foar de trije jonges.

Hitsum – Ald-Meierspartij

Easterein mei Baukje en Jeska Terpstra en Janieke Dijkstra makken yn it lêst fan de partij tsjin Kimswert wat tafolle fouten. Derfoar gie it goed en lyk op en Easterein nimt sels in foarsprong fan 5-3. Op 5-4:6-6 kin de muoilike opslachbal net goed ferwurke wurde en de keats wurdt net pakt en it is 5-5. Op 5-5:2-6 lit it perk de bal sitte en is it oer foar Easterein. Tige spitich foar de fammen, want der wienen wol mooglikheden.

20150802HitsumAld Meiers1

20150802HitsumAld Meiers2

20150802HitsumAld Meiers3

Foto’s Henk Bootsma

 


Snein 2 augustus


Skearnegoutum – Manlju30+ t.i.l.

Ja wier, sa stiet it op de website fan de KNKB. Hampie (Harm-Auke) Dijkstra wint in 1e priis yn de ferliezersronde mei Teade Weidenaar en Jan Rense Visser

20150802Skearnegoutum Manlju30

Frjentsjer – Jonges ôfdieling

Op dizze generale foar de Freule kaam Easterein net yn de prizen. We sette fansels no yn op woansdei, sukses jonges!

Damwâld – Skoalfamkes A+B

Yn de A-klasse wie de krânse foar Corrie Kroondijk mei Rixt Wijnia Wommels, De 2e priis wie foar Roelie Kroondijk mei LObke Vlasbloem fan Makkum. Lobke hie in dei earder de Ald-Meiers wûn!

20150802Damwald SkoalfamkesAB1

20150802Damwald SkoalfamkesAB2

Berltsum – Welpenjonges t.i.l.

De krânse foar Redmer Wiersma mei Remco Yska, Boalsert. in 3e priis wie der foar Arjen Stremler mei Jan-Tymen Eisma, Tsjom.

20150802Berltsum Welpenjonges1

20150802Berltsum Welpenjonges3