KNKB: PC, Ald-Meiers, Freule 2016

163ste PC

PC Kaatswedstrijd Franeker 22820

De 5de woansdei fan july 2016 is de 163ste PC. Foar Easterein dogge der trije Eastereinders en âld-Eastereinder mei. Dat binne Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra, Jan Schurer en Jelte-Pieter Dijkstra.

 

Der is lotte en Dirk-Yde, Bauke en Steven de Bruin ha partoere 13 en ha, krekt as yn 2015!, lotte tsjin it haadklassepartoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar.

Jan keatst no mei Hendrik Tolsma en Jacob Klaas Haitsma en se binne partoer 11 en keatse tsjin partoer 12 mei âld-Eastereinder Jelte Pieter Dijkstra mei Hendrik Jan vd Velde en Evert Pieter Tolsma

 

Foar Easterein hat Jan IJmte Heeg de PC trije kear wûn en kening yn 1921. Gerrit Okkinga hat twa kear de PC wûn en yn 1963 kening. Yn 1962 mei Dreeuwes Smedinga (Harlingen) en Sjoerd Heeringa (Tzummarum). Yn 1963 mei Dreeuwes Smedinga (Harlingen) en Martinus Santema (Oosterlittens). Yn 2007 in 3e priis foar Feite de Haan, yn 2009 in 2e priis foar Dirk-Yde Sjaarda, yn 2010 in 2e priis foar Jacob Klaas Haitsma en Gerrit Flisijn, yn 2013 in 3e priis foar Jelte Pieter Dijkstra, yn 2014 in 2e priis foar Jelte Pieter Dijkstra.

 

Foar mear ynformaasje sjoch op de site fan PC Franeker.

 

Dirk-Yde, Bauke, Jan en Jelte-Pieter, in hiel soad sukses!

 

LIST 163ste PC


17de Ald-Meiers

 2016AldMeiers

De Ald-Meiers yn Hitzum, DE ôfdielngswedcstriid foar famkes 14-16 jier is op sneon 1 augustus 2013. Easterein hat alle jierren noch meidien en wie suksesfol yn 2004 (3e priis: Tineke Yntema, Ineke Attema en Joutse OKkema), 2007 (1e priis: Jildou Jorritsma, Marije Hiemstra en Anke Marije Pompstra) en 2011 (1e priis: Tineke Dijkstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra)

 

Yn 2016 sille Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra de Eastereinder ear ferdigenje yn Hitzum. Se binne partoer 10 en begjinne tsjin Grou.

 

Sjoch foar mear ynformaasje op Hitzum.com.

 

Mirjam, Selma en Jeska, in hiel soad sukses!

 

LIST 17de ALD-MEIERS


114de Freule

image phpUKR7Av

Yn Wommels is woansdei 10 augustus de Freulepartij. Foar Easterein dogge mei de jonges Bauke Reijnhoudt, Rutger Wiersma en Kees van der Horst. De Lotting fan de Freule is sneon om 20.00 oere yn it Reade Hynder te Wommels. . Sjoch foar mear ynformaasje op www.kfwommels.nl 

Yn 1904, 1911 en 1991 hat Easterein de Freulepartij wûn. Letter binne der ek noch wol ferskate prizen wûn.

 

Kees, Jorrit en Rutger, in hiel soad sukses!

 

LIST 114de FREULE