Kompetysjekeatsen yn Easterein!
Hasto altyd al ris keatse wollen, of liket it dy gewoan leuk om it ris te probearjen? By it kompetysjekeatsen yn Easterein is elkenien wolkom! By de froulju wurdt keatst mei sawol in hurde as in sêfte bal, en by de manlju mei in hurde bal.
Eltse tongersdei begjinne wy om 19.30 oere. Foar wa’t sin hat om wat ekstra te oefenjen, is der fan tefoaren om 18.45 oere in training.
Liket it dy leuk om mei te dwaan? Stjoer ús dan in berjocht fia 0610052213 as fia ús sosjale media. Opjaan kin alle tongersdeis oant 16.00 oere. Meist 2 kear meidwaan foardatst beslút oftst lid wurde wolst.
Wy hoopje dy gau op it keatsfjild te sjen!

