Skip to content

KNKB manlju f.f. 1e en 2e klasse 07-06-2026

Moaie en fanatyke keatserij hjoed yn Easterein mei de manlju 1e en 2e klassers. Under lieding fan KNKB  skiedsrjochter Boukje Houtsma en klubskiedsrjochters Hendrik Sweering en Marten Faber en karmasters koene we flot troch de wedstriidlisten hinne rinne.

De finales fan beide klassen giene tsjin 15.30 oere los. De finalisten wiene oanmekoar weage. Uteins wie de 1e priis foar Redmer Zaagemans, Stefan van der Meer en Jurrit Osinga; sy wûnen de finale yn de 1e klasse mei 5-4/6-4 fan Brent Jesse van Beem, Nick van der Walt en Jelvin Kaper.

De krânsen yn de 2e klasse giene nei Jelle Attema (ynfallen foar Karst Hoekstra fanôf de 2e omloop), Tymen Bijlsma en Silvan Elzinga; sy wûnen mei 5-5/6-2 fan Keimpe Klaas Dantuma, Sjoerd van der Schaar en Jesse Kroondijk.

 

1e klasse

1e priis:

Redmer Zaagemans, Wytmarsum

Stefan van der Meer, Ljouwert

Jurrit Osinga, Minnertsgea

 

2e priis:

Brent Jesse van Beem, Dronryp

Nick van der Walt, Seisbierrum

Jelvin Kaper, Sint Annaparochie

 

2e klasse

 1e priis:

Jelle Attema, Makkum

Tymen Bijlsma, Boalsert

Silvan Elzinga, Boalsert

 

2e priis:

Keimpe Klaas Dantuma, Oentsjerk

Sjoerd van der Schaar, Ouwe-Syl

Jesse Kroondijk, Sint Annaparochie

 

3e priis:

Wiebe van Wier, Peins

Klaas Jan Oosterbaan, Snits

Rick Alberda, Harns

 

Back To Top