Skip to content

Hjoed wie it wer sa fier! De jeugd mocht harren earste ledepartij keatse. Omdat wy as jongereinkommissje ek tige bliid wiene dat we wer keatse koene, ha we der in feestje fan makke. Der waard hjoed net allinech keatst om de kransen, mar ek koene de bern genietsje fan in springkessen en wie der foar alle bern in priis yn de ferlotting. Nettsjinsteande de rein yn de letste oploop ha we in prachtiche dei hân!

 

Der waard keatst yn twa listen. By de kabouters en welpen wiene der fyftjin keatsers yn seis pertoer. Hjirfoar ha we in moai systeem brûkt, werby de bern dochs allegear trije kear keatse koene. Nei trije omlopen wie dúdelik wa’t de winner fan de dei wurden wie mei trije oerwinnings. Om it twadde en tredde plakje wie it noch spannend. Der wiene trije pertoer dy’t allegear twa kear wûn ha en derfoar moasten we sels de tsjinearsten telle. Foar de nûmers fjouwer, fiif en seis wie der in medaille as oantinken oan de moaie keatsdei fan hjoed.

 

Op de oare list waard keatst troch njoggen bern út de pupillen en skoaljeugd. Dat dizze twa kategoryen oan elkoar weage binne, die oan it ein fan de dei wol bliken. Alle fjouwer pertoer hiene allegear twa partijen wûn en ien ferlen. Dermei waard de partij dy’t se ferlearen dochs noch tige wichtich. Ek de tsjinearsten moasten úteinlik noch mei telt wurden.

 

Hjirûnder de winners:

 

Kabouters/welpen

 

1e priis: Berber Sijbesma & Jildau Jellema

 

2e priis: Jelke Sijbesma, Bauke Jan Dijkstra & Tryntsje de Jong

 

 

3e priis: Hieke Jellema, Fenne Sijbesma & Renko Ynema

 

De medailles wiene foar: Femke Paauw, Thymen Santema, Pytrik Ynema, Sanne Frouk Dijkstra, Marrit v/d Weij, Elin Stoffelsma en Stijn Kuiper.

 

Pupillen/skoaljeugd

 

1e priis: Theunis Ynema, Sander Velzen & Pieter-Age v/d Weide

 

 

2e priis: Brecht Stegenga & Lars Steehouwer

 

 

Drokte yn ‘e Skoalleseize tidens de priisútrikking en de ferlotting. De jeugd waard hjoed flink oanmoedige troch freonen en famylje!

 

Klaas Sixma, hjoed ek efkes yn it sintsje! Hy soarchet der eltse tiisdei wer foar dat alle perken foar it kompetysjekeatsen klear lizze foar eltsenien op it fjild ferskynt. Eins sit syn termyn yn de jongereinkommisje der al op, mar hy set lokkich noch efkes troch. Der binne we tige bliid mei!

 

 

Back To Top