Lustrumdagen 2014

Goemoarn allegearre!

Header federaasjedei

Wy hoopje foar WOANSDEI (hjoed), TONGERSDEI en FREED itselde waar te ha as op dizze moaie foto! Mar hjoed liket it noch aardich wiet te wurden op de fjilden.

Dochs hoopje wy op trije prachtige keatsdagen yn Easterein ter eare fan it 110-jierrich bestean en dan nochris op 23 july 2014 de 10de edysje fan de Jong-Feinte

 


TARIEDINGS

Bestjoer, kommisjes, frijwilligers en de kommisje Federaasje Snits ha al in bealich fol wurk hân oan de tariedings nei dizze lustrumdagen. Mar dat giet de kommende dagen seker noch efkes troch!

Us fjild & materialekommisje hat it er mar drok mei. Hjoed de fjilden foar de jongerein en jûn al materialen foar de keatsarena fan freed en fansels de fjilden lizze foar tongersdei.

Tongersdei oerdei en jûns wurde de fierdere tarieding dien foar de Federaasjedei op freed. 

 


WOANSDEI 28 MAAIE 2014 – 13:30 / 17:00

Hjoed sil de jongerein (6 o/m 13) fanôf 13:30 harren lustrumkeatspartij hâlde

 

Stiper: Autoschadeservice van Krimpen

 

We winksje de bern, âlders, pake’s, beppe’s en jongereinkommisje in hiel soad sukses en in soad keatswille!

 


TONGERSDEI 29 MAAIE 2014 – 12:00

Hjoed sille de senioaren fanôf 12:00 harren lustrumkeatspartij hâlde. De opjefte is tige goed en dat bestjut moaie listen fansels!

 

Stiper: Autobedrijf Witteveen & Brouwer

 

Bysûnder dizze dei is ek dat foar de keatsers der in HEARLIK BUFFET regele is!

 

Dit buffet is mooglik makke troch stipe fan  Couperus Hydrauliek BV, Bos Mechanisatie, Drukkerij Van der Eems, Gebr. Vellinga, Leanbedriuw Okkema en troch Noflik Easterein dy’t buffet ek sil fersoargje!

 

We winksje alle dielnimmers en publyk in soart sukses en keatswille en lekker ite!

 


FREED 30 MAAIE 2014 – 10:00 / 11:00 / 15:30

De grutte Federaasjedei yn Easterein! Om 10:00 begjinne de senioaren en om 11:00 de jongerein!

Beide keatsfjilden yn Easterein fol mei keatsers en keatsters, dat moat prachtich wurde!

(opjaan kin noch oante mei woansdei 28 maaie 2014, 19:00 – op de KNKB-site)

 

Middeis om 15:30 ha we de haadklasse manlju en froulju te gast!

Sawol by de froulju as by de manlju binne 8 partoeren en it is in troch-inoar-lotterspartij

 

Haadstiper: Couperus Hydrauliek BV – Easterein

CO-stiper: Jouke Huitema – Nylân

Stipers: Federeraasjedeistipers (sjoch programmaboekje)

 

Bysûndere saken op dizze Federaasjedei:

  • TAGONG FERGEES!
  • FERGEES PROGRAMMABOEKJE mei LIST
  • PRACHTIGE KEATSARENA
  • ALLE KEATSERS by elkoar
  • LIVE FERSLACH fan haadklasse
  • GRUTTE FERLOTTING mei haadpriis in ballonfeart!
  • LEKKERE ITERIJ foar elk wat
  • MUZYK nei de haadklasse fan DOWN TOWN
  • YNSET fan in soad frijwilligers

En dat allegear om der in moai keatsbarren fan te meitsjen!

Dat we sizze net allinnich

“Bring de keatsers by it keatsen”

 

mar ek foar it publyk en keatsleafhawwers en oaren

 

“Bring jimme sels yn Easterein!

op Sportpark De Skoalleseize”