Bêste keatsers,
It keatsseizoen stiet wer foar de doar en dêrmei giet ek it pelote hast wer fan start. Nei in lange tiid die Easterein ferline jier wer mei oan de pelotekompetysje foar froulju. Dat wie in moai sukses en dêrom wolle wy dit jier graach noch in stap fierder.
De winsk is om dit jier in A-klasse en in B-klasse te meitsjen. Hoe mear teams har opjouwe, hoe grutter de kâns dat dit slagget. De kompetysje wurdt spile op moandei te jûn. Liket it dy leuk om mei te dwaan oan it pelote? Jou dy dan op! Opjaan kin by ien fan de bestjoersleden of fia de opjefte-app.
Opjaan kin oant en mei 26 maart 2026.
Wy hoopje op in moaie opkomst en in prachtich peloteseizoen!

