Opjefte trainings 2021 iepen!

Bêste keatsleafhawwers,
It is in gekke tiid wêryn’t sporte yn teamferbân hast net mooglik is troch alle maatregels fan it Kabinet. Mar wy ha net stil sitten en binne hieltyd opsyk west nei wat wol mei en kin.
We gean fan start mei de saneamde maitiidstraining, dêrnei it keatskamp en oanslutend de simmertraining.
Dit hâldt yn dat we yn april 4 kear op woansdeitemiddei (7, 14, 21 & 28 april) training jaan sille yn gearwurking mei KF Reahûs-Tirns, sy slûte ek oan by us trainings.
De kabouters en welpen kinne traine fan 16.30 oant 17.30 oere.
De pupillen en skoaljeugd kinne traine fan 17.30 oant 18.30 oere.
De kosten hjirfoar binne € 7,50
Dêrneist starte we yn de wike fan 4 en 5 maaie (nei it keatskamp op snein 2 maaie) mei de simmertraining. Ek dêr kinne jimme jim foar opjaan.
De kabouters en welpen traine op woansdei fan 17.00 oant 18.00 oere yn Easterein.
De pupillen en skoaljeugd & jonges/famkes traine tegearre mei KF Wommels & KF Reahûs-Tirns op tiisdei fan 17.45 oant 18.45 oere yn Wommels op it keatsfjild.
De kosten hjirfoar binne € 15,00
Joust dy no al op foar beide trainingen dan betellest € 20,00
Opjaan kin ûnderoan dit formulier as brûk de ûndersteande link


fia www.kfeasterein.nl (ûterlik foar snein 04 april 2021):

Foar fragen kinne jimme kontakt opnimme mei Jan Schurer fia training@kfeasterein.nl