Resepsje pupillenfamkes 10-10-2014

Nei 17 jier wêr in Nederlânsk Kampioen foar keatsferiening Easterein!

 

Op de sneon nei de doarpsfeesten wienen it eigenlik altyd de famkes en froulju dy’t in wichtige keatswedstriid hienen. Wie it net in Nederlânsk Kampioenskip, dan wie it wol de Jong-Famme. Op 28 juny 2014 soargen trije pupillenfamkes, de coach en fansels de âlders en supporters der foar dat hja yn Goaiïngea Nederlânsk Kampioen waarden en Easterein in ekstra feestdei hie.

20141010 ResepsjeNKPupfamkes1 

Nei 17 jier…

 

Ja, wier, de earste en ienige Nederlânsk Kampioen dy’t wy by keatsferiening Easterein oant no ta hienen, wie it partoer fan de skoaljonges yn 1997. Mei coach Ynze Jorritsma wûnen Dirk Yde Sjaarda, Samme Overal en Tjipke Klaas Okkema de bûnswedstriid foar skoaljonges.

1997 Schooljongensbond

En no dus de twadde kear. Mar wat ha we faak twadde of tredde west yl dy jierren. Foaral yn de skoalfamkes en famkesklasse stienen we faak yn de finale. En yn 2005 de 2e priis foar de junioaren by it NK.

 

De pupillenfamkes ha histoarje skreaun en miskien is dit de opmaat foar mear suksessen yn de takomst. Foar dit partoer mar ek foar alle oare ôfdielingspartoeren. Want Nederlânsk Kampioen wurd foar keatsferiening Easterein is wol leuk hear!

 

Ter eare fan it kampioenskip wie der op 10 oktober 2014 in resepsje.

 

It seizoen

 

It hiele seizoen hienen de froulju al fan harre heare litten. Heare seker, want foaral de stimmen fan de froulju Corrie en Roelie Kroondijk galmje oer de Fryske fjilden. As partoermaat wurde je dêr stil fan, mar krije der ek enerzjy fan! Nynke Paauw en Machtelt Veltman mochten om bar mei nei de ôfdielingswedstriden.

Op 28 juny foel de kar op Nynke Paauw, mar se suksessen waard mei syn fiven helle! Fansels hie coach Ype Tiemersma in wichtige bydrage oan de suksessen. It omgean mei de froulju en it belibjen fan alles, is him op it liif skreaun.

 

De ôfdielingssuksessen foar KNKB wiene:

Boalsert: 3e priis, Roelie Kroondijk, Nynke Paauw en Corrie Kroondijk. Ferlern fan Makkum mei 5-3 yn heale finale

Huzum: 1e priis, Roelie Kroondijk, Machtelt Veldman en Corrie Kroondijk. Yn de finale wûn mei 5-0:6-6 fan Winsum.

Easterein: 1e priis, Roelie Kroondijk, Nynke Paauw en Corrie Kroondijk. Yn de finale wûn mei 5-2:6-4 fan Makkum.

20140614 Easterein KNKBFamkespupillen

Seisbierrum: 1e priis, Roelie Kroondijk, Machtelt Veldman en Corrie Kroondijk. Yn de finale wurdt wûn fan Seisbierrum.

Goaiïngea: Nederlânsk Kampioen, 1e priis, Roelie Kroondijk, Nynke Paauw en Corrie Kroondijk
1e omloop: Makkum, 4-5:4-6. 2e omloop: Raerd, 5-2:6-2, 3e omloop: Berltsum, 5-1:6-4. Heale finale: steand nûmer. Finale Seisbierrum-Pietersbierrum, 5-3:6-4.

 

En dan fansels noch de yndividuele suksessen fan alle froulju! Yn it KNKB punteklassemint komt Corrie Kroondijk op it 2e plak mei 31 punten, 4e, Roelie Kroondijk, 26 punten, 11e Nynke Paauw, 12 punten en 15e, Machtelt Veldman, 11 punten.

Sjoch foar it ferslach fan de dei 28 juny by Pupillenfamkes Nederlânsk Kampioen!

 

Resepsje!

 

As je Nederlânsk Kampioen wurde of in oare wichtige wedstriid winne dan wurdt der in resepsje foar je organisearre. Op dizze jûn steane fansels de Nederlânsk Kampioenen yn de ‘spotlights’. Mar ek in oantal oare suksessen waarden neamt en keatsers en keatsters derfoar huldige! En wat in minsken wienen der! sa’n 80 minsken wienen tsjûge fan de jûn en yn it bysûnder útnoege wienen de partoeren fan Makkum en Seisbierrum mei âlders en begelieding. Mar wa wie der net dizze jûn… (lês fierderop)

 

Nei de iepening fan foarsitter Dirk Yde Sjaarda dy grutsk wie dat krekt hy no de famkes lokwinskje mocht. Net allinnich as foarsitter mar ek as Nederlânsk Kampioen skoaljonge.

Dêrnei waard mei in filmke werom sjoen op it prachtige lustrumjier mei al har hichtepunten en bysûndere aktiviteiten. De winners fan de suksessen waarden huldige en in de blommen setten.

 

Filmke op YOUTUBE 

20141010 ResepsjeNKPupfamkes6 

Doe kaam der in geweldich filmke fan Marije Hiemstra dy’t in kombinaasje makke hie fan muzyk, foto’s en live-opnames fan de dei fan it Nederlânsk Kampioenskip. Pikefel en sa koenen de minsken dy’t der net by west wienen moai sjen hoe de dei ferrûn wie yn Goaiïngea.

 

Doe wie it de beurt oan de sprekkers. Ut namme fan it KNKB, mar ek mei keatsferiening Easterein yn syn hert, spruts Tjeerd Dijkstra moaie wurden foar de famkes, de feriening en it frouljuskeatsen.

20141010 ResepsjeNKPupfamkes2
Doe in hiele leuk kwis fan Imke vd Leest en Marije Hiemstra. In kwis oer it keatsen fansels en de famkes koenen fan trije ‘helplinen’ gebrûk meitsje. It publyk, 50-50 en fansels de tillefoan. En wa siet no oan de oare kant fan de telefoan, just: Ype! Wêr wie Ype dan? Hy wie op it Amelân foar in famyljewykein en koe net yn Easterein wêze. Mar hy wie op bysûndere wize wol op de jûn.

20141010 ResepsjeNKPupfamkes5 

Doe wit it tiid om de 2e priiswinners te huldigjen. De famkes fan Seisbierrum-Pietersbierrum, Sigrid Post, Berber Bruinsma, Fiera de Vries en harren begelieder. Ek hja waarden beleane foar harren prestaasje op it NK en huldige troch keatsferiening Easterein.

20141010 ResepsjeNKPupfamkes3

 

It team

 

It ein fan de jûn wie fansels foar it team. Earst wie de huldiging fan de pupillenfamkes troch it bestjoer. Mei moaie wurde fan Dirk Yde namen de froulju de kado’s en blommen yn ûntfangst en mei grut applaus fan it publyk waarden hja eare foar de prestaasje.

20141010 ResepsjeNKPupfamkes7

20141010 ResepsjeNKPupfamkes8

En doe kaam doch Ype foar it ljocht! No ja, sis mar op it skerm! Tineke Dijkstra hie in moaie opname makke fan Ype dy thús op syn túnbankje foarlies út eigen wurk. Hy oereide it hiele keatsseizoen fan de froulju en wie tige grutsk op de fammen. Sa wie Ype doch noch oanwêzich.

20141010 ResepsjeNKPupfamkes4 

Oan it ein wienen de froulju oan bar en hja rjochten it wurd oan Ype en hienen in prachtich kado foar him. Nei in tankwurd fan de froulju fertelden se dat hja ek noch in kadootsje hienen foar alle besikers fan de resepsje. In moaie pin yn Eastereinder keatskleuren mei in kaartsje der oan mei in foto fan it partoer. In hiel leuk idee!

20141010 ResepsjeNKPupfamkes9

 

Feessie

 

Nei de ôfsluting fan it offisjele diel fan de jûn koe er noch efkes in feessie fiert wurde mei in hapke, drankje en muzyk. In tige slagge jûn en nochris hulde oan de Nederlânsk Kampioenen!

 

Tank oan alle frijwilligers dy holpen ha om dizze jûn ta in sukses te meitsjen en spesjaal tank oan Jan Bouke Bouma foar de help by ljocht, lûd en muzyk!