Skip to content
Sealkeatsen foar de jeugd: in noflike moarn yn ‘e seal

It wie wer safier: de earste wedstriid fan it nije keatsseizoen, en dy waard dizze kear lekker binnen yn ‘e seal holden. Gjin gedoch mei dikke jassen of kâlde fingers, mar gewoan op gymskuon de seal yn. Dat siet wol goed!

De bern hienen der dúdlik sin oan en der waard in soad lake, praat en fansels keatst – al wie it soms noch even sykjen nei de bal dy’t samar ûnder in bank rôlje koe. Mar gjin panyk, dêr wie altyd wol immen dy’t efkes ûnder de tribune dûkte.

Foar de measte wie it in moaie opwarmer foar de rest fan it seizoen. En dochs wie der foar elk wat winnends: de winnaars fan hjoed mochten in beker yn ûntfangst nimme, en foar de rest wie der in medalje as tank foar it meidwaan.

In gesellige moarn, en in moai begjin fan it seizoen! We sjogge jim graach ynkoarten op ‘t fjild!

1e priis kabouters: Merthe van Dijk en Djurre Faber

1e priis welpen: Meike Overwijk, Danian Rijpkema en Sven Sijbesma

1e priis pupillen/skoaljeugd: Sanne Frouk Dijkstra en Jelke Sijbesma

2e priis pupillen/skoaljeugd: Femke Paauw en Lotte Kuiper

Back To Top