Sealkeatsen op snein 16 desimber

Snein 16 desimber is de jierlikse keatspartij yn de seal.

It is foar manlju en froulju, ynkl. de jonges/famkes kategory.

Der wurde mei in sêfte bal 3 listen ferkeatst, eltse kear op’e nij troch elkoar lotte.

It begjint om 13.00 oere en de ynlis is € 5,00.

Jimme kinne jimme oant freed 14 desimber foar 20.00 oere opjaan by Romine Jelsma, opjefte@kfeasterein.nl, 06 – 22 70 96 73

Wês der snel by, want der kinne maksimaal 24 dielnimmers mei dwaan.

Dizze partij wurdt mei mooglik makke troch de stipersgroep fan KF Easterein.