De wintertrainingen binne noch oan’e gong, mar sjoen kommend wiekein noflike temperaturen wer om it hoekje sjen komme. Wurd it heech tiid om ris wat mear ynformaasje te jaan oer de simmertrainings!
De simmertrainings starte nei it keatskamp, yn de earste wike fan maaie. De kabouters, welpen en de jongens/famkes kategory traine dit jier yn Easterein. De pupillen en skoaljeugd traine yn Wommels. Mar hoe sjocht dit der dan ut?
Kabouters (bertejier 2013/2014) starte op woansdei 4 maaie yn Easterein. Sij traine fan 17.00 oere oant 18.00 oere ûnder lieding fan Roelie Kroondijk, Liset Sijbesma.
Welpen (bertejier 2011/2012) starte op woansdei 4 maaie yn Easterein. Sij traine fan 18.00 oere oant 19.00 oere ûnder lieding fan Roelie Kroondijk, Liset Sijbesma.
Pupillen (bertejier 2009/2010) starte op tiisdei 3 maaie yn Wommels. Sij traine fan 17.45 oere oant 18.45 oere. Oansluttend meie sij mei dwaan oan it kompetysje keatsen. Dit start om 19.00 oere.
Skoaljeugd (bertejier 2007/2008) start op tiisdei 3 maaie yn Wommels. Sij traine fan 17.45 oere oant 18.45 oere. Oansluttend meie sij mei dwaan oan it kompetysje keatsen. Dit start om 19.00 oere.
Jongens/famkes kategory (bertejier 2004/2005/2006) starte ek de earste wike fan maaie. Sjoen dizze kategory net bysunder grut is wolle wij hjir graach patoertraining fan meitsje. Elts is wolkom, jou jim op dan besjoche we mei in-oar hokker dei it beste is.
Kompetysje keatse yn Easterein? Jou jim op by Marijke Jellema foar snein 20.00 oere.
Kompetysje keatse yn Wommels (pupillen en skoaljeugd) oansluttend op de trainings? Foar de training kinne jim oan jaan at jim der kompetysje keatse wolle. Net traine mar wol kompetysje? Jou jim dan op foar moandeis 18.00 oere jim fia de opjefte groepswhatsapp.
Noch net opjun mar wol graach keatse???
Opjaan kin fia ûndersteande link:
Jeugdtrainingen 2022 – KF Easterein