Skip to content

Slotdei 7 septimber 2025

Wat in prachtige dei wie it snein om it keatsseizoen ôf te slúten. Sawol de jeugd as de senioaren kamen yn aksje. En de opkomst wie super!

Útslag ‘dei’ winners
De senioaren koene keatsen mei de sêfte of hurde bal keatsen. By beide kategorieën hiest nei elke omloop wer nije maten. Eltsenien keatste trije omlopen. En sa kamen de folgende winnaars derút.

Bij de sefte bal:

                          A klasse                        B klasse                        C Klasse  

1e priis             Wietse Vink                  Wietse Ligthart             Wilma Sjaarda

2e priis             Willem van Abbema     Bas van der Weij           Karin Sjaarda

 

Bij de hurde bal:

                           A klasse                        B klasse                        C klasse

1e priis             Bote Jellema                Christian Hoekstra        Jelle de Boer

2e priis             Redmer Stegenga         Roel Sijbesma               Sjouke Schilstra

3e priis             Robert Sijbesma           Abe Jan Stegenga         Tom Couperus

4e priis             Hendrik Kuiper             Froukje Dijkstra            Hendrik Okkema

 

NK winners
Neist de winnaars fan dizze dei sette we de winnaars fan grutte keatspartijen (sa as NK’s , PC etc,) ek altiten efkes yn it sintsje. Dit kear hiene we mar leafst 3 partoeren dy’t in priis mei in NK wûn hienen. It partoer mei Roelie en Corrie Kroondijk en Jeska Terpstra wûnen de 2de priis bij de NK dames. De twadde priis wie ek foar it partoer fan Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Sjoerd T. Kooistra op it NK 35+. En de derde priis NK 50+ gie nei Peter en Robert Sijbesma en harren heit Roel Sijbesma.

Keatser fan it jier
De wikselbeker fan de keatser fan it jier gie fan pakesizzer Jelke Sijbesma nei pake Sipke Hiemstra. Wiepkje naam de beker foar har heit yn ûntfangst. Want Sipke leit nog yn it sikenhûs yn Grins. Wy winskje Sipke en famyle krêft en betrouwen ta en dat alle nije dagen in stap tichter by herstel en rêst bringe mei.

Sineesk iten
Nei ôfrin fan dizze moaie keatsdei wy der nog sineesk iten. Alles wie skean op! Dus dat fûl wol yn ‘e smaak.

Bedankt dat jimme der allegear wienen en we sjoche jim takom jier graach wer!

It Haad Bestjoer.

Back To Top