Snein haadklasse yn Easterein

 

Kommende snein, 15 maaie, ha we de froulju haadklasse en 1e klasse op besite yn Easterein.

 

Mei mar leafst 9 Eastereiner froulju op de list is it seker de muoite wurdich om op it fjild te sjen!

 

Yn de haadklasse wurdt der mei 8 partoer striden om de prizen. Yn de 1e klasse in moaie folle list fan 16 partoeren.

 

It belooft in moaie keatsdei te wurden! Elts is wolkom fanôf 11 oere op sportpark ‘De Skoalleseize’. Yntree is gratis.