Talinten op de basisskoalle yn Easterein

Twa kear op in tiisdei te middei is der in ploech fan keatsferiening Easterein lans west by de basisskoalle yn Easterein. Sy joegen de bern fan groep 3, 4 en 5 in keatstraining. In prachtich gesicht fanôf de sydkant dat sa’n 40 bern by 4 ferskillende ûnderdielen folop yn aksje binne.

 

Der wiene ûnderdielen fan pylonnen fan de kast ôfgoaie oant oefeningen by de echte keatsmuorre! In protte aksje, bal-kontakt, mar fansels it alderbelangrykste: in protte plezier en spultsjes.

 

Neffens ús in tige slagge keatsprojekt. Dit allegear is is mei mooglik makke troch de basisskoalle fan Easterein mar ek troch ús entûsjaste trainers: Hester Kingma, Jan Schurer, Martine Tiemersma en de talintfolle keatsters Roelie en Corrie Kroondyk.


20140401 Skoalleprojekt1

 

20140401 Skoalleprojekt2 

20140401 Skoalleprojekt3

20140401 Skoalleprojekt4

20140401 Skoalleprojekt5