Oan ús leden,
Snein 11 maaie ha wy in teatspartij. Foar de measten fan jimme sil dat wat nijs wêze. Mar it eins hiel simpel: teatsen is keatse mei in tennisracket en in luchtbal (strjitkeatsbal). Der wurdt ôfhinklik fan it oantal opjeften yn twa- of trijetallen teatst. Foarôfgeand oan it teatsen sille de spulrigels neier útlein wurde.
Wichtich is wol dat jim sels foar in racket soargje. Faaks is it handich om noch in ekstra racket mei te nimmen foar dyjinge dy’t net ien meinaam hat.
Opjaan kin oant freed 20.00 oere by Jikke Velzen ( opjefte@kfeasterein.nl / 06-14406123)
Sjoch ek ris op http://www.teatsen.nl