Technyske kommisje klear foar it nije seizoen!

20120402 TKuitje

De technyske kommisje is it keatsseizoen 2012 útein setten mei in wiere ’teambuilding’! De leden fan de kommisje en partners wienen juster nei De Stolp yn Snits en ha dêr mei grutte ballen oan it ‘boartsjen’ west.

 

 

 

Dêrnei efkes lekker ite en wat drinke en de technyske kommisje is der hielendal klear foar! De earste aktiviteiten ha al plak fûn.

 

Sa is der al in berjocht oer de sealtrainingen makke en op de site setten en binne de earste ôfdielingspartoeren gearstalt foar de Friesland Bank Cup.

 

Wy winskje de technyske kommisje in soad sukses dit seizoen!