Training jongerein 2020!

 

Bêste keatsleafhawwers,

 

It waar wurdt steeds wer better en de swierste tiid fan it thússitten is foar de jongste jeugd efter de rêch. We binne bliid dat we jimme fia dizze wei útnoegje kinne foar de fjildtrainings fanôf woansdei 6 maaie. Fanwege de RIVM maatregels wolle we starte yn fjouwer groepen. Dit betsjut:

 

  • Welpen fan 16:00 oere oant 17:00 oere ûnder lieding fan Roelie en Corrie Kroondijk
  • Kabouters fan 17:30 oere oant 18:30 oere ûnderlieding fan Roelie Kroondijk en Liset Sijbesma
  • Pupillen jonges/famkes fan 17:30 oere oant 18:30 oere ûnderlieding fan Corrie Kroondijk en Redmer Wiermsa
  • Skoaljeugd, jonges/famkes, junioaren o/m 18 jier fan 19:00 oere oant 20:00 oere (hâlde 1,5m ôfstân!) ûnder lieding fan Jeska, Terpstra, Imke van der Leest en/as Marije Schurer.

 

Fanwege dizze bysûndere tiid binne ek net-leden fan herte wolkom op de trainings. Boppedat binne de trainings dit jier hielendal fergees.

 

Leden kinne harren opjaan fia it digitale opjefteformulier op ús webside www.kfeasterein.nl (ûnder it kopke Jongerein en Trainingen). Net-leden kinne harren opjaan by Jan Schurer fia training@kfeasterein.nl.

 

Trainingen fjild:           woansdei 6 maaie o/m woansdei 24 juny                                   (8 kear)

 

Opjaan kin oant en mei tiisdei 5 maaie 2020!

 

Letter opjaan (of foar ien of in pear trainings) kin fansels ek, mar nim dan efkes kontakt op mei Jan Schurer.

 

Fanwege de Corona-maatregels nimme wy de folgende saken yn acht:

  • Foar alles jildt: sûn ferstân brûke stiet foarop!
  • Hâld de algemiene maatregels fan it NOC*NSF yn acht. De wiedweidige útlis fan de maatregels kinne jim fine yn it taheakke oersjoch fan it NOC*NSF.
  • Yn oerlis mei keatsferiening Wommels ha we besluten om de trainings yn eigen doarp te hâlden en dus (foarearst) net te kombinearjen.
  • Graach de bern, foardat se nei de training gean, thús de hannen waskje litte (mei sjippe, minimaal 20 sekonden) en nei de wc gean litte. De Skoalleseize en de klaairomten binne ticht, dus dêr binne gjin fasiliteiten.
  • Om de keatsers en fuotballers net trochmekoar te krijen moatte de bern fia de yngong efter op it MFT (Jeu de Pelote fjild) nei it keatsfjild komme.
  • Kom net earder as 10 minuten fantefoaren op de training en gean drekt nei ôfrin nei hús.
  • Alders (of oar publyk) binne net wolkom op de trainings of sportlokaasje.

 

Foar fragen of opmerkings kinne jimme kontakt opnimme mei Jan Schurer fia training@kfeasterein.nl.

 

We hoopje jimme allegear te sjen op it keatsfjild. Mei syn allen kinne we der noch in moaie keatstiid fan meitsje!

 

Protocol Corona-virus