Trainen en kompetysjekeatsen senioaren

De KNKB hat ôfrûne wike bekend makke alle federaasje- en KNKB-partijen te skrassen oant 1 septimber. At der noch keatst wurdt nei 1 septimber is ôfhinklik fan de ûntwikkeling fan it firus. Yntern ûndersiket de KNKB de mooglikheden foar in alternative ferkoarte wedstriidaginda.

 

As keatsferiening binne wy yntusken starten mei de trainings foar ús jongerein en senioaren. Op basis fan de lêste oerheidsmaatregels binne ûnderlinge trainingswedstriidsjes mooglik binnen de eigen feriening. De 1,5 meter maatregel moat wol yn acht naam wurde. De KNKB advisearret de keatsferienings dat der no ek romte is om te kompetysjekeatsen.

Foar de senioaren wolle wy dêr mei begjinne kommende tongersdei 21 maaie (Himmelfeartsdei) om 19.45 oere. Foarôfgeand is der in training om 19.00 oere.

Opjaan foar it kompetysjekeatsen en/of training fynt plak fia ús nije WhatsApp-groep (KF opjefte-@pp). Sa kinne we de trainings goed tariede en alfêst in yndieling meitsje fan de partoeren foar it kompetysjekeatsen foar in flot ferrin.

Sist noch net yn dizze groepsapp, klik dan op dizze link (fia mobile tillefoan of WhatsApp Web) of stjoer in email nei Wilma fia sekretariaat@kfeasterein.nl.

Opjaan foar de trainings en/of it kompetysjekeatsen kin eltse wike úterlik oant tiisdei 20.00 oere.

Fanwege de Corona-maatregels moatte de folgende saken yn acht nommen wurde:

  • Foar alles jildt: sûn ferstân brûke stiet foarop!
  • De trainings en it kompetysjekeatsen wurde sa ynrjochte dat de 1,5 meter ôfstan hantearre wurde kin.
  • Wy brûke de yngong efter op it MFT om op it sportfjild te kommen. Dit om kontakt mei de fuotballers en fuotbalsters fan SDS safolle mooglik te foarkommen.
  • De wiidweidige útlis fan de maatregels kinne jim fine yn it ‘Protocol verantwoord kaatsen’.
  • De Skoalleseize is ticht, dus der binne gjin fasiliteiten beskikber (douche/wc).


Ledepartijen
De opsje om ús aktiviteiten út te wreidzjen nei ledepartijen wurdt op it stuit ûndersocht troch de KNKB. Hjiroer ha se yntinsyf kontak mei NOC*NSF. Salang at dêr noch gjin dúdlikheid oer bestiet wachtsje wy noch mei it ynplannen en organisearjen fan ledepartijen.

Dúdlik is wol dat it in apart keatsjier bliuwt. We hoopje der mei ús allen it bêste fan te meitsjen. Bliuw sûn en oant gau op it keatsfjild!

 

Ut namme fan it haadbestjoer,

Dirk-Yde