Update fakatueres bestjoer en kommisjes

Wat bin we bliid mei ús 2 nije kommisjeleden Wietse Vink en Mirjam Reitsma! Beide nimme se sit yn de wedstriidkommisje wêrtroch dizze no wer foltallich is.

 

Dat nimt net wei dat we noch wol in pear fakatueres ha… Understeand in oersjoch.

 

Skriuwer yn it haadbestjoer
Algemien lid yn de jeugdkommisje
2 algemiene leden foar yn de technyske kommisje
2 redaksjeleden foar de (nije) webside
Ast no tinkst, dat is miskien wol iets foar my as ast immen wist, lit it ús witte! Fansels kost it tiid mar it jout ék in protte enerzjy en learst der in soad fan!

 

Haadbestjoer KF Easterein