Ynkoarten giet de Molkwarder Koeke – aksje wer los!

wittereepkoekeDit jier is dat fan moandei 27 febrewaris o/m tongersdei 2 maart 2017.

We ha fansels wer entûsjaste frijwilligers nedich om mei te helpen mei de ferkeap. De erfaring leart dat foaral de earste 2 jûnen belangryk binne. Hoe mear minsken at dan helpe kinne, hoe earder at de koeken ferkocht binne!

Past it net? Dan kinne jimme dochs noch helpe troch gebrûk te meitsjen fan de bestellist. Jimme kollega’s/wurkjouwer(s) wolle fêst wol in pear lekkere koeken keapje.

Meld jimme o/m 19 febrewaris oan en/as download de bestellist. Jim kinne jim oanmelde troch te  mailen nei leden@kfeasterein.nl en oanjaan hokker dagen at jimme helpe kinne: moandei, tiisdei en efentueel woansdei en tongersdei fanôf 17.45 oere.