Ledengearkomste

IMG 20170309 WA0002Op 8 maart ha we de ledengearkomste hân wêr’t we, yn it haadbestjoer, ôfskied nommen ha fan Christian Hoekstra as fjilden -en materialenman. Nei in moaie taspraak fan fise-foarsitter Mattie Dijkstra krige Christian blommen en in glêzen standert ta oantinken oan syn bestjoersfunskje fan 6 jier. We bin noch drok dwaande mei it sykjen nei in opfolger foar Christian.

 

Ek waard der ôfskied naam fan inkele kommisjeleden, foar harren fansels ek in blomke foar hun ynset!

  • Technyske kommisje: Jelte de Boer en Judy Bergsma (net oanwêzich), opfolgster foar Judy is Lysbet Bakker. Foar Jelte is noch gjin opfolger fûn.
  • Jongereinkommisje: Annette Kroondijk en Joke Wiersma, sy wurde opfolge troch Geertje Sijbesma en Annabeth de Jong.
  • Finansjele en stiperskommisje: Klaas Pompstra. Nij yn de FSK is Hendrik Kuiper. Binnen de kommisje sille der inkele funksjewikselingen plak fine.
  • Keatskampkommisje: Bauke Dijkstra, opfolger fakant.
  • Wedstriidkommisje: Wiepkje Hiemstra, opfolgster Romine Jelsma.

 

Omdat ús haadstiper Couperus Hydrauliek foar 5 jier bytekene hat wie ek foar harren in wolfertsjinne bosk blommen.

 

 

 

IMG 20170309 WA0001

 

 

 

IMG 20170309 WA0000