Skiednis
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

 

Yn 2004 100 jier.

 

It boek “Bûkelje en Boppeslaan” dat de boekekommisje gearstald hat ûnder einredaksje fan Jan Hiemstra jowt in prachtich byld fan hoe’t de Keatsferiening Easterein troch de jierren hinne har ûntwikkele hat. Foar in kompleet oersicht soe ik jimme oanriede wolle it boek te keapjen. Hjir de skiednis yn’t koart.
 

It is dit jier 100 jier lyn dat der yn Easterein in keatsferiening oprjochte is. Yn de Frentsjerter Krante fan 27 septimber stie: ‘Op initiatief van enkele liefhebbers der kaatssport is ook hier eene kaatsvereniging opgericht, aanvankelijk met een ledental van ruim 40. Mei it oprjochtsjen fan dizze feriening is it keatsen yn Easterein net mear in saak fan de kastlein, hoewol’t kastlein Heeringa yn it bestjoer komt, mar wurdt it in sport. Hjirmei komt dan ek in dúdlike skiedsline mei de tiid foar 1904, want ek doe waard der yn Easterein al keatst.

56546 

Der waard al keatst yn 1878

 

De tiid foar de oprjochting yn 1904

 

56544Foar 1904 waard der keatst yn Easterein, dit docht bliken út adfertinsjes en útslaggen dy’t yn de njoggentjinde ieu yn de krante stiene.

 

P. Heeringa is de kastlein dêr’t de keatsers harren opjaan kinne. Mar ek út in oare boarne docht bliken dat der yn Easterein al keatst waard. De heer H.L. Hylarides te Zandvoort is yn it besit fan in sulveren bal dy’t al yn 1750 yn dit doarp ferkeatst waard.

 

De sulveren bal dy’t al yn 1750 yn dit doarp ferkeatst waard.

 

Yn 1904 hellet it Eastereiner jongespartoer dat bestiet út Albert Terpstra, Minne Bonnema en Andries Dijkstra de earste priis op de twadde Freulepartij troch fan Littens te winnen. Dizze priis wurdt wûn foardat yn Easterein in keatsferiening bestiet.



 

De tiid fanôf de oprjochting oant 1930


Yn de neisimmer fan 1904 wurdt der yn Easterein troch inkele minsken, dy’t fan de frijsinnige kant komme, in keatsferiening oprjochte. Yn die tiid waarden yn Fryslân oeral keatsferieningen oprjochte. De otterdoks herfoarmen en grifformearden moasten yn dy begjinjierren net safolle fan it keatsen ha.

Fan de nije keatsferiening gong wis en warachtich it ien en oar út. Jierliks waard der oan de bûnsparij en de freulepartij meidien. Yn Easterein waarden der geregeld ledepartijen hâlden, mar der wie ek jierliks in ‘grutte keatserij’ dêr’t de toppers fan doe oan meidiene. De feriening hie yn trochsnee sa’n 55 leden, dy’t net allinne út Easterein mar ek út de omlizzende doarpen kamen.
 

Op de earste Bûnspartij winne Wytze Ennema, Lolke Bouma en Albert terpstra in 4e priis. Dit kin better want yn 1920 wurdt de 3e priis wûn troch Jan van Vliet, Albert Terpstra en Jan Heeg. Op de Freule is it ek rekke: yn 1911 wurdt it Freulegoud wûn troch Laas Bonnema, Bartele de Haan en Jan Heeg.

Ein twintiger jierren giet it minder mei de keatsferiening. Tusken de herfoarme tsjerkfâden en it (net tsjerklike) bestjoer wol it net rjocht. Der is ûnienichheid oer it fjild. Op de Bûnsgearkomste fan 1931 wurdt wiidweidich by de Eastereiner sitewaasje stilstien. Mei-oprjochter Wytze Ennema soarget derfoar dat de f 4,-- kontribúsje oan de bûn betelle wurdt. Easterein wurdt dan net royearre, mar it keatsen hat net in soad mear om’e hakken.


 

Fan 1930 oant 1950

 

Yn de jierren tweintich giet it dochs mis. Der wurde oant 1935 noch wol boekingen yn it kasboek dien mar de keatsferiening funksjonearret sûnt 1932 net mear.

Der binne lykwols noch wol genoch keatsleafhawwers yn Easterein mar dizze komme no mear fan de grifformearde en otterdokseherfoarme kant. Op 29 augustus 1934 wurdt der in nije feriening oprjochte mei sa’n 30 leden. Dizze feriening slút har oan by it CFK. Nei bûten ta lit Easterein as keatsdoarp neat mear fan har hearre. Mar as de oarloch foarby is, is ien fan de feestlikheden in grutte keatspartij. Ek mei de doarpsfeesten wurdt der keatst. Het Bolswards Nieuwsblad meldt dan nei in ûnderlinge wedstriid fan de jongefeinteferiening: “Het was iets bijzonders, dat er in Oosterend werd gekaatst”. Yn 1950 wurdt de keatsferiening nij libben ynblaasd.

56547

 


 

Fan 1950 oant 1968

 

De weroprjochting fynt plak op 1 maaie 1950 en de feriening wurdt lid fan de KNKB.

 

Fan dy earste jierren wurdt neat yn it notuleboek skreaun, earst fanôf maart 1953 binne der notulen en ferslaggen. In belangrike fraach yn die tiid is oft de bûnsfergadering yn Frentsjer ek op in oare dei hâlden wurde kin. It is in spannende jiergearkomste yn 1954, der is nogal wat argewaasje oer herstimming en it lidmaatskip oan de KNKB wurdt opsein. Yn jannewaris 1954 komt it lidmaatskip op’e nei oan de oarder en de foarsitter wit it sa te stjoeren dat de feriening wer lid wurdt fan de KNKB ûnder betinkst dat ús leden net op snein fuort geane te keatsen. Sûnt is de feriening wat stabiler.

1958 Freule2epriis 

Yn 1958 helje Tjalling Stapertsma, Gerrit Okkinga en Oepke de Jager de twadde priis op de Freule. Easterein stiet op’e kop. Ûnder foarsitterskip fan Germ Okkinga giet it om 1960 hinnen noch altyd goed. De keatsferiening wurdt lid fan de federaasje Baarderadiel en organisearret foar de federaasje in jongespartij. Okkinga ferhúzet nei Wommels en wurdt foarsitter ôf.

 

Nei die tiid is it wat stil om de feriening hinne. Yn it jierferslach fan 1968 stiet: It keatsen yn Easterein is net mear wat it west hat. Wol wurdt der gelokkich in soad keatst troch jongeren en âlderen en wy belibje der in soad wille oan”.
Der wurde gelokkich ek noch tal fan sukseskes helle.

 


 

It keatsen nei 1968

 

Yn 1968 hellet it skoaljongespartoer mei Pier Santema, Klaas de Jager en Klaas Okkema yn Wommels in 2e en yn Ljouwert in 5e priis. Yn 1969 dogge de skoaljonges Klaas Okkema, Klaas de Jager en Jan Reitsma it ek bêst mei as grutste sukses de 2e priis op de Bûnspartij yn Wytmarsum.

1969 Schooljongensbond

 

Yn 1971 winne Klaas de Jager, Pier Santema en Klaas Okkema by de jonges de 2e priis op de bûnspartij en in 1e yn Dokkum. Ein jierren santich krijt de keatsferiening har earste sponsor. Leanbedriuw Okkema stiet oan de widze fan de noch altyd besteande Okkemapartij.

 

De jongerein krijt in wichtiger plak. Yn 1979 waard der in bestjoerslid foar jongereinsaken oansteld, dat wie in goede saak want it trainen wurdt hieltyd belangriker. Ek komme der minsken foar de begelieding fan de jongerein. 

Yn 1987 komme de sjirtsjes foar de jongerein. De nije sjirtsjes en it nije jongereinbeliid dogge fertúten: der komt in nije generaasje fan Priiswinners opsetten: Floris Hioemstra, Marco Reijnhoudt, Gert-Jan Hiemstra, Robert Sybesma, Robert Hoekstra, Marco Hoekstra, Bert Dijkstra en Feite de Haan binne dêr foarbylden fan.

Yn 1989 wurdt troch Floris Hiemstra, Willem Veninga en Hein Hoekstra de 2e priis op’e freule wûn.

 


Sukses yn 1991!

57144

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

De Freule-winners fan 1991. f.l.n.r. Robert Hoekstra, Robert Sijbesma, begelieder Abe Stegenga, Gert Jan Hiemstra

 

 

1993 Freule2epriis

 

 

Yn 1993 winne Bert Dijkstra, Feite de Haan en Marco Hoekstra de twadde priis op de Freule yn Wommels.

 

 

 

1997 Schooljongensbond

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

It hichtepunt komt yn 1997: Durk Yde Sjaarda, Samme Overal en Tsjipke Klaas Okkema winne ûnder lieding fan Ynze Jorritsma de 1e priis op de skoaljongesbûn!

 

 

Ek foar de âldere jongerein komt der einliks nei safolle jier sukses. Durk Yde Sjaartda, Gerard van Asselt en Tjipke Klaas Okkema komme yn 2002 mei de 3e priis fan de Jong Nederland thús. Foar’t earst yn de hiostoarje hellet Easterein in priis op dizze partij, dy’t dan it ‘Nederlands Kampioenschap voor Jongeren’ hjit.
 

Om it nivo fan it keatsen omheech te krijen komt der yn 1987 in technyske kommisje. Under lieding fan de yn 1998 keazen foarsitter Tjeerd Dijkstra giet it tige goed mei de keatsferiening. Bestjoer en feriening krije in hieltyd profesjoneler oansjen. Op 1 jannewaris 2004 telt de feriening mar leafst 320 leden!!  Dizze leden moatte der meiinoar foar soargje dat Easterein op de keatskaart bliuwt.

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters