Wedstriden
  • 0c1dbe58929a96f725afacfa61edfd4a.jpg
  • 4bfbc648421e2e3d204aea82abb9699c.jpg
  • 6a96083f0ffaceb0392da3c6c1d3cd4d.jpg
  • 7a263a48fc27a497d1e83ef1f0bde6ea.jpg
  • 8d3d6df41075b862bd4a057af8cb4fa7.jpg
  • 8f31bfca18d9a1b4de807a20d735162f.jpg
  • 85b0c3dda8779a5092783ada3c580e94.jpg
  • 89bb3bc030e40e2332635659b8fa3454.jpg
  • 772c8a380bd8fb37ab8d9ce990c1eef2.jpg
  • 977b7ce27f6fde015793b6411937c788.jpg
  • eeba1a34654e871626dc54dba75c4d6d.jpg
  • efc9a1c939749cca0fa26bebafd7c17b.jpg
  • Header_JFP2015.jpg
  • Header_NKPupillenjonges2epriis.jpg

LEDENWEDSTRIDEN
 
Opjefte senioaren by:
Romine Jelsma
Vrijburg 16
8734 GK Easterein
Tillefoan: 06-22709673
Mail: opjefte@kfeasterein.nl

 

Wedstriden op:
woansdei   opjaan moandei foar 20.00 oere
freed          opjaan woansdei foar 20.00 oere
sneon        opjaan tongersdei foar 20.00 oere
snein         opjaan freed foar 20.00 oere

 

 

Ynlis (per partij):

  • ledenwedstriden: € 3,00
  • seal- en nachtkeatsen: € 5,00
    ________________________________________

 

Opjefte jongerein (o/m 16 jier) by:
Fetsje Terpstra-Schaap
Hofsleane 8
8734 HN Easterein
Tillefoan: 0515-331874
Mail: opjeftejongerein@kfeasterein.nl
 
Wedstriden op:
woansdei       opjaan snein foar 20.00 oere
freed/sneon   opjaan tiisdei foar 20.00 oere
snein               opjaan woansdei foar 20.00 oere

 

 

De jongerein hoegt gjin ynlis te beteljen foar de ledenwedstriden

 

Jonges en famkes fan 14 jier en âlder meie ek dielnimme oan de senioarenwedstriden (leden). Der moat dan wol ynlis (€ 3,00) betelle wurde.


Allinnich balkeare mei net. Bij frije formaasje partijen mei it partoer dit sels witte.
 
________________________________________
 

 
 
KEATS!
De wedstriidaginda fan de KNKB wedstriden wurdt alle moannen publisearre yn de KEATS! en op de webside WWW.KNKB.NL.
 
De agenda op de webside is it meast aktueel!
 
Yn de KEATS! stiet allegear ynformaasje oer it KNKB-keatsen. Derneist steane der faaks ynterviews mei (âld) keatsers en keatsters yn. KEATS! ferskynt 11x per jier en kostet  € 34,86.
Oanmelde foar de KEATS! kin fia www.knkb.nl
 
 
________________________________________
LEDEPAS
Eltse lid (fan de KNKB) krijt in nasjonale ledepas, dêr’t it bûnsnûmer en de persoanlike gegevens op stean en ek oantreklike koartingen bied by in soad bedriuwen.
 
________________________________________
TROCH INOAR LOTTE - AS FRIJE FORMAASJEPARTIJ
Keats(t)ers dy't dielnimme wolle oan KNKB-wedstriden moatte lid wêze fan in keatsferiening dy’t oansletten is by de KNKB. Foar dielname oan KNKB-wedstriden moat ynlis betelle wurde.
 
De ynlis foar senioaren/junioaren is  € 5,00 en foar de jongerein € 3,00.

By it ynlisjild is in wedstriidlist ynbegrepen.
Ek ôfdielingspartoeren moatte ynlis betelje (wurdt oer it algemien betelle troch de feriening), mei útsûndering fan de Nederlânske Kampioenskippen.
 
Opjaan foar in wedstriid moat fia de webside fan de KNKB by 'wedstrijdagenda'.
De opjefte kin fia de webside troch it ynfoljen fan it bûnsnûmer, bertedei en e-mailadres. Dan komt de namme daliks op in oanmeldlist (foar kontrôle).
De opjefte foar it folgende wykein moat moandeis foar 19.00 oere dient wêze!
De keats(t)er moat sels foar in tidige opjefte soargje. De datum fan opjefte stiet op de website.
 
Ek foar federaasjewedstriden moat opjûn wurde fia de website fan de KNKB. 
Sjoch op de webside fan de KNKB )wedstrijdagenda/federatie).
 
________________________________________
ÔFDIELINGSWEDSTRID
Foar KNKB-ôfdielingswedstriden kinne partoeren ôffeardige wurde, besteande út trije leden fan de keatsferiening Easterein.
It gearstallen fan de ôfdielingspartoeren bij de jongerein is de ferantwurdlikheid fan de TECHNYSKE KOMMISJE yn gearwurking mei de JONGEREIN-KOMMISJE. By de junioaren, froulju en senioaren manlju bart de gearstalling ek troch de technyske kommisje yn gearwurking mei it bestjoer.  De begelieder fan it partoer soarget foar de opjefte yn gearwurking mei it wedstriidsekretariaat.
 
________________________________________
TROCH-INOAR-LOTTERS KLEAN
Mei yngong fan 2009 hat keatsferiening Easterein foar leden dy’t dielnimme oan de KNKB-t.i.l.-wedstriden in wedstriidtenu beskikber stelt. De tenu’s binne mooglik makke troch stipe fan 5 bedriuwen dy’t mei harren (bedriuws)namme op it wyte shirt en swarte broekje steane.
Fan de leden wurdt ferwachte dat hja op de t.i.l.-wedstriden fan de KNKB dit tenu drage sille en dêrmei de namme en útstrieling fan keatsferiening Easterein en de stipers útdrage sille op de wedstriden.
De klean wurde oan it begjin fan it seizoen útjûn oan de KNKB-keatsers. Hja hâlde de tenu’s it hiele seizoen en binne der ek ferantwurdlik foar.
 
________________________________________
ÔFDIELINGSTENU
Keats(t)ers dy foar KF Easterein útkomme op in ôfdielingswedstriid, keatse yn it ôfdielingstenu fan de KF Easterein. Hjirfoar binne ôfdielingstenu’s beskikber, besteande út in shirt, in broekje en in trainingspak.
 
Yn earste ynstânsje ha de partoeren dy meidogge oan de KNKB wedstriden de foarkar. By te min, hawwe wy noch de beskikking oer oare ôfdielingstenu’s (allinnich ôfdielingshirts).
 
It behear fan de ôfdielingsklean berêst by:
Akke Jikke van Berkum
Dobbelân 4
8734 GZ Easterein
0515-532609 
 
De klean graach daliks nei de wedstriid (úterlik sneins 20.00 oere) wer ynleverje by Akke Jikke van Berkum, sadat se de klean wer op tiid skjin yn de kast ha kin.   Der is in kleanreglemint gearstalt. Alle partoerbegelieders krije dit reglemint. Hjir stiet yn beskreaun hoe de spilers omgean moatte mei de klean en it dragen derfan by priisútrikkingen. Dit reglemint leit ek ter ynsage by de PR-kommisje en it sekretariaat.
 
 
________________________________________
 
Federaasje
 
Foar it wedstriidroaster fan de federaasje Snits e.o. en Littenseradiel sjoch de wedstriidaginda's yn de jierfolder, de jeugdflyer as op de webside ûnder aginda.
As jeugdwedstriden yn beide federaasjes op deselde datum falle dan meie de jongereinleden fan KF Easterein allinnich oan de wedstriid fan de federaasje Snits e.o. meidwaan.

Opjefte federaasjewedstriden moat fia de webside fan de KNKB (wedstrijdagenda, kies wedstrijdtype federatie)

 

Ynlis federaasjewedstriden (t.i.l./f.f.):

 

          Jongerein

  • federaasje Snits € 2,00
  • federaasje Littenseradiel: € 1,50

 

           Senioaren

  • federaasje Snits  € 5,00
     


 
________________________________________
ÔFDIELINGSWEDSTRIiD
Foar KNKB- en Federaasje ôfdielingswedstriden kinne partoeren ôffeardige wurde, besteande út trije leden fan de keatsferiening Easterein.
 
 
It gearstallen fan de ôfdielingspartoeren bij de jongerein is de ferantwurdlikheid fan de TECHNYSKE KOMMISJE yn gearwurking mei de JONGEREIN-KOMMISJE. By de junioaren, froulju en senioaren manlju bart de gearstalling ek troch de technyske kommisje yn gearwurking mei it bestjoer.  De begelieder fan it partoer soarget foar de opjefte yn gearwurking mei it wedstriidsekretariaat.
 
 
________________________________________
JEU DE PELOTE
Iepen Fryske kampioenskippen yn Easterlittens. It Jeu-de-Pelote team fan Easterein wat hjirfoar ôffeardige wurd sil yn goed oerlis mei de technyske kommisje gearstald wurde. Op de wedstriidagenda fan Federaasje Snits e.o. stean de data en tiden fan de wedstriden.

 

Haadstiper

  • Couperus

Sosjale media

Fryske Twitter Button

facebookeasterein

icon
mijnalbum

Lêste tsjetters