Snein 6 septimber wie de Stiperdei fan K.F. Easterein Ferline jier noch in bysûndere dei doe alle leden, stipers en kader mei dy oan de lustrumdei. Hjoed de fersie mei allinnich de stipers en it kader (bestjoer & kommisjes). It wie noch spannend as it trochgean koe, want de fuotbalwedstriden wienen sneon ôflast. It moast seker sa wêze, want om it fjild koe it en it hat op in pear drippen nei de hiele middei droech west. Pas doe elk binnen siet foar de priisútrikking waarden de lûken wer iepen goait en eaze!
De fisefoarsitter Mattie Dijkstra iepen de dei, want de foarsitter stie te keatsen yn Reduzum en net sûnder sukses! Mattie joech al rillegau it wurd oan har man, de foarsitter fan de finansjele & stipekommisje Tjeerd Dijkstra. Nei it wolkom waard it programma út de doeken dien en koenen we begjinne mei de sop en de broadsjes sa;t der in boaiem wie foar de 1e omloop.
Der dienen 24 stipers en kommisjeleden mei oan de partij en derneist wie der noch sa’n tal dy’t de keatsers beseagen of soargen foar de lieding, de katering. Eilaas wienen der wat tefolle A-maten en derom moast der wolris in drege kar makke wurde. Guon froulju foel it op dat it dreech keatsen wie mei 1 man tsjin 2 manlju. Miskien dat oare jier hja mear froulju warber krije kinne om ris efkes mei te dwaan oan it keatsen Krekt foar de wedstriid melde earlid en betûft keatser Jan Hiemstra him ôf. Lokkich hienen we in ferfanger, Stefan van Krimpen en nei wat skowenj wer in moaie list. Jan kaam noch wol efkes as taskôger.
It ferrin fan de trije listen wie apart. Op de 1e list noch wol spanning en fûleindich keatsen, op de 2e list grutte útslaggen en op de 3e list wie by guon de batterij leech en waard de priis ferskiten en oaren hienen noch wol oer. Nei de earste list wie der kofje mei in part oranjekoek. Tige lekker en elk woe rillegau alwer los mei de 2e omloop. Dy duorre wat langer, mar om healwei fjouweren koenen we al los mei de lêste list. De dreechste wedstriid gie tusken Stefan en Tom tsjin Jan En Jan Bouke, 5-5:6-0. Hja kamen dan ek as lêste fan it fjild en doe sloech de klok fiif oere.
Doe we allegear njonkelytsen by elkoar sieten yn de kantine kamen de oare traktaasjes lâns. Sa wie der foar elk in hearlik broadsje hamburger en letter gie de skaal mei kâlde hapkes de seal troch.
By de priisútrikking oereide Tjeerd noch efkes koart it seizoen 2015 oer troch it neamen fan de bysûnderheden. Doe de priisútrikking. Earst waarden de pûdelprizen útrikke. By de B-maten wie dat Janny Dijkstra en by de A-maten Tymen Dijkstra.
De 4e prizen wienen foar Jan Bouke Bouma en Tjeerd Dijkstra, de 3e prizen foar Tom Couperus en Anco Elgersma, de 2e prizen foar Mattie Dijkstra en Jan Vellinga en de winst en krânsen wienen foar Pieter Vellinga en Harm Auke Dijkstra.
Tjeerd seit elk tank en foaral de stipers fan K.F. Easterein, “wy kinne as feriening tige wiis wêze mei jimme as stipers, mannich feriening is jaloersk op ús”, sa sei Tjeerd en sa is it!
Der folget noch in gesellige neisit dy sels net bedoarn wurdt troch de bylden op it skerm van it Nederlânsk alvetal, dat dy dei de grutte ferliezer wie neist alle winners fan in tige slagge Stiperdei!