07-09-2014 – Lustrumdei

Earste Lustrumdei yn Easterein

 

7 septimber wie de earste Lustrumdei fan keatsferiening Easterein. De die dy’t oars Stiperdei hjitte wie dit kear útwreide mei de útnoeging van bestjoer, kommisjes, leden en frijwilligers. In tige slagge dei.

 

Fansels, we ha wol faker bysûndere keatsdagen hân yn de histoarje fan keatsferiening Easterein, lykas de fjouwer dagen feest by it 100-jierrich jubileum, wat doe fantastysk wie. Mar it gie dit kear om de ôfsluting fan it keatsseizoen en yn it lustrumjier woenen we dat dwaan mei it bestjoer, stipers EN kommisjes, leden, frijwilligers. In dei mei keatsen, efkes werom sjen nei’t it ôfrûne seizoen en ôfslute mei in barbecue.

20140907 Lustrumdei1 

It terras wie moai oanklaaid mei de partytinten en feestferljochting en binnen op it skerm draaide de hiele dei in presintaasje fan alle hichtepunten en lustrumaktiviteiten fan it seizoen.

De dei waard iepene (en letter ek wer sluten) troch de beide foarsitters dy’t yn it deistich libben ek al in hiel soad gearwurkje, Tjeerd Dijkstra en Mattie vd Meulen. In oantal frijwilligers wienen warber mei de listen en omballingen oer de hiele dei.

20140907 Lustrumdei2 

Foar de Lustrumdei hienen mar leafst 110 minsken har opjûn en op de dei sels kamen der noch in pear by. Oan it keatsen dienen 30 froulju mei en 28 manlju. Der waard yn twatallen keatst yn in manljus en frouljusklasse mei elk 7 perken. Om’t der by de manlju twa te min wienen en by de froulju twa de folle ha we de bêste frouljuskeatsters (Judy en Marije) frege om by de manlju te keatsen. De manlju hienen gjin beswier fansels en lokkich de froulju ek net! Letter, Yn de 3e omloop wienen der wol twa manlju dy’t gjin beswier, mar it wol swier hienen. Oan de barbecue dienen mar leafst 105 minsken mei. In oantal dêrfan wienen bern, want dy kar wie der ek om de bern mei te nimmen as men dat woe.

20140907 Lustrumdei HB spel 

20140907 Lustrumdei Spel2

We troffen it fansels geweldich mei it waar. Hearlik neisimmerwaar en dus noflik yn it fjild en bûten it fjild. It hiele keatsfjild bêste mei keatsers en keatsters en elk dy ferskuorrend syn/har bêst om de sêfte bal te reitsjen sa se woenen en te soargjen dat de tsjinstanner der net mear oan kaam. Nei twa listen hienen guon al aardich wat enerzjy brûkt mar de lekkere hapkes tuskentroch jûchen wat ekstra krêft foar de lêste list.

 

Doe dy ferkeatst wie efkes wat drinke en doe de priisútrikking mei in earst efkes koart weromsjen op it prachtige keatsseizoen mei ferskate suksessen foar keatsferiening Easterein. De prizen wienen foar:

Manlju A: 1. Remon Tie Bouma, 21 foar en 6 tsjin,2. Ewout de Boer 21-13, 3. Skelte Anema, 19-9, 4. Stefan van Krimpen, 19-11

Manlju B: 1. Geert Dijkstra, 21 foar en 5 tsjin, 2. Sipke Hiemstra, 21-6, 3. Judy Bergsma, 19-4, 4. Tom Couperus, 18-9

Froulju A: 1. Gabriële Bouma, 21 foar en 5 tsjin, 2. Sietske Poelsma, 19-11, 3. Jetske Sieperda, 19-12, 4. Romine Jelsma, 18-13

Froulju B: 1. Eefje Hiemstra, 21 foar en 8 tsjin, 2. Lysbet Bakker en Ria Kingma, 21-9, 4. Jikke Velzen, 19-13.

20140907 LustrumdeiWinners 

Om healweis seis oer kaam Murk Okkema mei de barbecue en fansels it fleis, salades en fan alles der noch by. Mei help fan Murk en Erica waarden alle tariedings dien en kaam de barbecue oan. Nei it tankwurd foar de hearlike en sportive dei jûchen de foarsitters it startsein foar de barbecue. Mei Tymen en Skelte as ‘bakkers’ en Mattie en Wilma as útdielers koenen alle dielnimmers genietsje fan it hearlike fleis, de hearlike salades en stokbôle. It terras siet moai fol mei minsken en elk hie it tige nei’t sin.

20140907 Lustrumdei4

20140907 Lustrumdei3 

Nei’t it lêste fleis bakt wie koenen we werom sjen op in tige slagge earste Lustrumdei yn Easterein. We wienen it der dan ek gau oer iens om dit seker elke fiif jier wer te organisearjen en yn de tuskenlizzende jierren ha we fansels de Stiperdei. Elk in noflike winter tawinske mei oare sporten en aktiviteiten.

 

Elk tige tank foar de ynset yn hokker foarm dan ek foar keatsferiening Easterein!