Skip to content

Op it momint dat it reinwetter plakmakke foar de sinne, gongen yn totaal 36 partoeren ferdielt oer 4 klassen los mei de jierlikse pearkekeatspartij yn Easterein. In partij mei as stipers Murk’s Slagerij en Wietse B. Ligthart Bouw-Tekenburo, beide út Wommels.

 

20140608 EastereinPearkekeatsen 1

(klik op de foto foar in grutter eksimplaar)

 

TOP-klasse

Mei twa poules fan elk trije partoeren mei in protte keatstoppers waard der spannend keatst om de prizen. Yn poule A wienen Marit Kuperus en Bauke Dijkstra yn de earste partij mei 5-4 6-6 te sterk foar Petronella Tolsma en Jelte Pieter Dijkstra. Nei harren twadde winstpartij tsjin Ida Hallema en Ewout de Boer (5-2 6-4) mochten sy harren winner nimme fan poule A.

 

Yn poule B kamen Anke Marije Pompstra en Hendrik Engbrenghof as winners nei foaren. Yn harren earste wedstriid wûnen sy fan Tessa Booms en Doede Rients Okkema mei 5-1 6-6. Ek yn harren twadde partij lutsen sy oan it langste ein tsjin Jildou Jorritsma en Jort Strikwerda (5-2 6-6).

 

Sadwaande waard de finale dus ferkeatst tusken Marit Kuperus, Bauke Dijkstra en Anke Marije Pompstra en Hendrik Engbrenghof. Marit en Bauke koenen in 4-1 en letter 5-3 foarspong helaas foar harren net omsette yn winst. Op 5-5 6-2 moasten sy belies jaan, sadat Anke Marije en Hendrik harren winner neame meie.

 

 

A-klasse

De omstannichheden easke betiden syn tol yn dizze klasse. Anita Hoekstra, René Velzen en Wiepkje Hiemstra kamen net okselfris fan it fjild mei ferskate blessueres. De tredde priis yn de winnersronde wie foar Martine Tiemersma en René Velzen (mei letter af ynfaller Christian Hoekstra).

 

Sy ferlearen yn de heale finale yn in pittige famyljestriid tsjin Judy Bergsma en Ype Tiemersma mei 5-4 6-0. Judy en Ype moasten it dêrtroch yn de finale opnimme tsjin Sietske Okkema en Sybren Poelsma, dy yn de heale finale profitearje koenen fan in steand nûmer.

 

Dy ekstra rêst hat Sietske en Sybren miskien wol goed dien, want se wûnen de finale mei 5-3 6-2 wêrtroch at de twadde priis gong nei Judy en Ype.

 

Yn de ferliezersronde wie der in 1e priis foar Wiepkje Hiemstra en Stefan van Krimpen. Sy wûnen yn in iensidige finale tsjin Wytske Vermeulen en Skelte ‘ponghâlder’ Anema mei 5-1 6-2.

 

 

B-Klasse

Yn dizze klasse wienen it inkeld de jongerein dy’t om de prizen keatsten. De tredde priis wie hjir foar Dian Dijkstra en Bauke Jan Plantinga. Sy koenen it yn de heale finale net rêde tsjin Baukje Terpstra en Wiebe Heeres (5-4 6-2). Lêstneamden stoenen dêrtroch yn de finale tsjin it partoer fan Lysbeth Bakker en Teake Posthumus, dy mei in steand nûmer yn de heale finale yn de einstriid kamen.

 

Lysbeth en Teake gongen miskien wol as favoriten de finale yn, mar sy koenen it net rêde. Nei in spannende striid (5-4 6-6), gongen de krânsen nei Baukje en Wiebe.

 

Yn de ferliezersronde wie der in 1e priis foar Jitske Plantinga en Reinder Boschma. Sy wûnen de finale tsjin Gerry Edou Mollema en Arjan Hallema mei 5-4 6-0.

 

 

C-Klasse

Lykas yn de TOP-klasse waard hjir keatst mei in list fan 6 partoeren ferdield oer twa poules. Yn poule A kamen Karin Sjaarda en Durk Okkema as winners út de striid. Sy wûnen harren earste wedstriid mei 5-2 6-6 tsjin Tine Bouma en Tjerk Okkema. Yn harren twadde partij koenen Geartsje Bakker en Gep Bakker it ek net rêde, 5-3 6-6.

 

Poule B levere mei Talitha Dijkstra en Tom Couperus har finalisten ôf. Sy wûnen harren earste partij tsjin de stipers fan dizze wedstriid Ria Kingma en Wietse Ligthart mei 5-2 6-4. Ek yn de twadde wedstriid kamen se as winners fan it fjild. Tsjin Vera Okkema en Hendrik Okkema waard it mar leafst 5-0 6-0.

 

De finale waard dus in striid tusken Karin Sjaarda en Durk Okkema tsjin Talitha Dijkstra en Tom Couperus. Yn in lykopgeande striid yn it begjin, lutsen Karin en Durk úteinlik oan it langste ein. Sa mochten sy de krânsen mei nei hús ta nimme en wie der in moaie twadde priis foar Talitha en Tom.

 

 

Goed 19.00 oere koenen alle prizen útrikt wurde. Al mei al in tige slagge keatsdei, mei tank oan ús stipers Murk’s Slagerij en Wietse B. Ligthart Bouw-Tekenburo.

20140608 EastereinPearkekeatsen 2

(klik op de foto foar in grutter eksimplaar)

 

Útslaggen

TOP-klasse

1. Anke Marije Pompstra & Hendrik Engbrenghof

2. Marit Kuperus & Bauke Dijkstra

 

 

A-klasse

Winnersronde

1. Sietske Okkema & Sybren Poelsma

2. Judy Bergsma & Ype Tiemersma

3. Martine Tiemersma & René Velzen

Ferliezersronde

1. Wiepkje Hiemstra & Stefan van Krimpen

2. Wytske Vermeulen & Skelte Anema

 

 

B-klasse

Winnersronde

1. Baukje Terpstra & Wiebe Heeres

2. Lysbeth Bakker & Teake Posthumus

3. Dian Dijkstra & Bauke Jan Plantinga

Ferliezersronde

1. Jitske Plantinga & Reinder Boschma

2. Gerry Edou Mollema & Arjan Hallema

 

 

C-klasse

1. Karin Sjaarda & Durk Okkema

2. Talitha Dijkstra & Tom Couperus

Back To Top