08-09-2013 – Stiperdei

Snein 8 septimber wie us jierlikse Stiperdei.

20130908 KFE Stiperpartij

Moarns kaam de rein mei bakken ut de himel en wiene we benaud oft it keatsen wol troch gien koe. It fjild wiesa wiet dat we wat langer dwaan koene oer de sop, broadsjes en salade. Gelokkich waard it droeg en kaam de sinne tefoarskien en wie de loft skitterend blau. En dat soe ek net mear feroarje en sa koe der keatst wurde mei perfect keatswaar en wie it op it terras betijden sels erch waarm.

 

Nei in koart pertear en it útdielen fan de ballen giene de 24 dielnimmers de striid mei mekoar oan. It tal dielnimmers is konstant want ek foarich jier wiene we mei 24 keatsers. Tige spannend waard der keats de ien wie noch fanatyker as de oar. Mei in grutte bal keatse jout doch wer in hiel oar spultsje as mei de lytse bal, je kinne in protte mear drave en dat is fansels geweldig om nei te sjen.

 

Neidat de 1e list ferkeatst wie koe eltsenien efen bekomme. Nei wat ite en wat drinken en fansels efkes gesellig babbelje wie it wer tiid yn it fjild oan te treden foar de 2e list. Ek op dizze 2e list waard goed en fanatyk keats, nei ofrin hiene in protte keatsers al yne gaten oft de foar hen nog kans wie op in priis of net. Ek yn it konsumpsje ferbruk koene je sjen welke keatsers goed rekenje koene.

 

Foar de tredde list wie sprake fan ien wiksel. Jan Hiemstra koe helaas net fjirder en waard ferfangen Wilma Sjaarda. It tafal woe dat Hiemstra lotte hie mei Dirk Yde sadat broer en sus moai tegearre keatse koenen. Opfallend wie it tal family ferbannen ope 3 listen sa mochten underoare Tjeerd en Mattie, Abe Jan en Willy, Peter en Liesbeth en Peter en Geertje in kear mei inoar keatse.

 

Uteinliks wun by de A-keatsers Dirk Yde Sjaarda mei 21 punten foar en 5 tsjin de earste priis. Peter Sijbesma hie mar 1 earst mear tsjin en wun de twadde priis mei 21 punten foar en 6 tsjin. It wie tige spannend by de A-keatsers want ek de tredde prijs winner hie 21 punten foar en mar 11 tsjin en demei gie de priis nei Sipke Hiemstra. Mei 19 punten foar en 10 tsjin wie de 4e priis foar Stefan fan Krimpen. As treastpriis wie der noch in Aardigheidsje foar Tymen en Talitha Dijkstra sy hiene elk de minste earsten foar mar gelokkig net minder wille.

 

By de B-keatsers wie it ek tige spannend nei twa listen wiene der nog 3 minsken die twa kear wun hiene. It wie Liesbeth Bootsma dy’t mar 5 punten tsjin hie en 21 foar en dermei de krans ome nekke kriich. Nummer twa hie ek twa keer safolle punten tsjin mar ek  21 punten foar dermei wie Hendrik Okkema de winner fande lytse preemje. Jan Hiemstra pakte mei help fan Wilma de tredde priis mei 18 punten foar en 10 tsjin. De 4e priis mei 16 punten foar en 12 tsjin wie Geertje Sijbesma. Talitha Dijkstra untfong krekt as foarich  jier de poedelpriis.

 

De moaie krânsen wienen wer stipe troch Tuincentrum Gaardenier te Wommels. Nei de foto’s fan de priiswinners wie der noch in gesellige neisit en koe werom sjoen wurde op in tige slagge stiperdei. Alle stipers noch ris tige tank foar jimme finansjele stipe oan ús prachtige keatsferiening!