15-12-2013 – Hak sealkeatsen

HAK Sealkeatsen senioaren 15-12-2013

 

Snein 15 desimber ha we ús lêste keatsparty fan it seizoen fan 2013 keatst. Dit wie in troch elkoar lotte sealwedstriid mei sêfte bal fan trije listen. De beskikber stelde prizen kamen fan A.Hak Infranet BV út Swolle.

20131215 HAKSealkeatsen1 

We hiene 3 moaie listen mei 18 keatsers op ’e list.  Dit koe moai ferdield wurde oer de 3 perken yn de sporthal, dus iderien koe de hele tiid keatse. Der is hiel moai keatst de hiele dei.

 

 

De earste omloop duorre hast 1 ½ oere, dit wie dan ek in spannende wedstriid. Op de earste list wiene de útslaggen: 5-3, 5-2 en 5-5 / 6-0 De twadde list wie al wat oars, hjir wiene de útslaggen: 5-1, 5-2 en 5-4 Bij de tredde list waard it wer wat spannender, der hiene we ek twa kear in 5-5 / 6-2 en 5-1.

 

 

Op de tredde list fan de A-keatsers hie allinnich Marten Faber al 2 partijen wûn. De tredde partij stie Marten en mei 5-2 foar, mar se lieten de tsjinstander werom komme en ha úteinlik ek noch ferlern mei 5-5 6-2. Mar Marten hie doch noch genôch punten om earste fan de A-klasse te wurden. Bote Jellema is twadde wurden, dy hie ek 2 partijen wûn en 1 ferlern, mar krekt 2 foar earsten minder dan Marten.

 

 

Yn de B-klasse wie der ek mar ien die al 2 partijen wûn hie foard as se oan de tredde list begûnen en dat wie Tom Couperus. Ek de lêste party wûn Tom noch nei’t se earst mei 5-2 achter stiene. Dus dit wie dúdlik en Tom is der mei de krânse fan troch gien. Twadde is wurden Roel Sijbesma, die hie 2 partijen wûn.

 

 

Dan de C-klasse. Der hiene Wiepkje Hiemstra en Mattie Dijkstra beide al 2 kear wûn en yn de tredde list stiene se tsjin oer elkoar. It koe noch alle kanten op dus. It partoer fan Wiepkje wie folle sterker en sy wûnen dan ek mei 5-1. Earste is dus wurden Wiepkje Hiemstra. Fjirder leine de punten hiel ticht bij elkoar. Mar twadde is wurden Hester Kingma.

 

It wie in moaie ôfsluter fan it seizoen en we betanke de stiper A.Hak Infranet BV út Swolle.

20131215 HAKSealkeatsen2 

Priiswinners

A- Maten: 1e Marten Faber,  2e Bote Jellema

B- Maten: 1e Tom Couperus,  2e Roel Sijbesma

C- Maten: 1e Wiepkje Hiemstra, 2e Hester Kingma