Skip to content

Hast 50 bern hienen we hjoed te keatsen op de fjilden fan de Skoalleseize. Sintsje der wat by, in wyntsje oer it fjild en yn elke kategory in prachtige list. Dus om krekt oer healwei 2-en mar gau los mei it spul.

Dizze kear hienen we as jeugdkommisje besocht om de kategoryen wat mear los te litten en wat mear te sjen nei dat elts bern wat op syn eigen nivo keatse koe. Want leuk en mei wille keatse is toch dêr’t it by elts om draaie moat. Dit hat der ta laad dat in oantal welpen troch skowt binne nei de pupillen en dat der no by de pupillen in A en in B klasse makke wurde koe.

 

Mar we begjinne mei de jongste jeugd, ús kabouters. Foar guon de earste ledenpartij, dus ek wol wer in bytsje spannend fansels. We hienen 4 twatallen, mar wol 3 ferskillende listen, sadat se allegear 3 x keatse koene. Nei 3 omlopen wienen de earsten sa ferdield:

1e priis A maat mei 21 earsten foar Jorn Hiemstra
1e priis B maat mei 18 earsten foar Sander Velzen

2e priis A maat mei 19 earsten foar Fianne Dijkstra
2e priis B maat mei 17 earsten foar Tjitske Joustra

Foar de oare kabouters wie der dizze kear spitich genôch gjin priis, mar folgjende party ha jimme allegearre we in nije kâns!

20150610AltacKabouters 

By de welpen 2 poules mei 3 partoer. Allegear 3 x keatse, want fan in soad omlopen draaie wurde je allinne mar wer better. Der waard fûleindich keatst mei spannende partijen.

De 1e priis mei 21 earsten wie hjir foar Benthe Ottens en Liset Sijbesma.
De 2e priis mei 18 earsten foar de heren Jesper Paauw, Ridzert Veldman en Jesse van Krimpen.
En de 3e priis mei 17 earsten foar Senay Sixma en Anke Blanksma

20150610AltacWelpen

Yn de pupillen B klasse hienen we in 1 poule mei 4 partoer. Allegear 3 tallen, sadat der earst ek even fergadere wurde moast wa no foar bêst as foar minst moast en wa wer yn it perk. Nei 2 omlopen wienen der 2 partoeren die alles wûn hienen en de 3e partij noch tsjin elkoar keatse moasten. In echte finale dus. Dizze waard mei 5-3 beslist yn it foardiel fan Redmer Stegenga, Judith van der Weerdt en Thijs Janssen en dus krigen sy hjoed de krâns om de nekke. De 2e priis wie foar Jelmer Brouwer, Amber Reinhoudt en Jan Joustra.
Pechfugel dizze dei wie Janneke Overal, sy krige 3x hiel hurd in bal tsjin har oan slein en is wierskynlik mei 3 bêste blauwe plakken nei hús ta gien. In ijsko wie der hjoed foar har.

20150610AltacPupB

Pupillen A klasse, 8 jonges en famkes, ferdield yn 4 twatallen. Fuort de earste omloop in party mei alles oan de hang. Redmer Wiersma en Tessa Ottens, lutsen krekt de winst nei harren ta doe Rutger Sijbesma en Niels Janssen op dizze stân de keats net foarby sloegen. Mar noch alle kâns op in priiske, want ek hjir allegear 3 x keatse en dernei pas de earsten byelkoar optelle.
De 2e omloop brocht troch de ferrassende útslaggen de spanning wer hielendal werom. De 3e omloop moast de trochslach jaan en úteinlik wienen de ferskillen mar hiel lyts.

De 1e priis wie mei 18 earsten foar Redmer Wiersma en Tessa Ottens. De twadde priis mei 15 earsten foar Nynke Paauw en Arjen Stremler.

20150610AltacPupA

Skoaljeugd

De skoaljeugd, begjint yfm harren skoaltiden altyd om 5 oere mei de ledenpartij. Hjir wiene krekt genôch bern om in folsleine list fan 4 twatallen te meitsjen.
De klok gong alwer rjochting 20.30 oere doe de lêste bal slein wie en de lesten krânsen by Corrie Kroondijk en Emma Stegenga om de nekke hongen waarden. Twadde priis wie hjir foar Hendrik van der Eems en Marc Janssen

20150610AltacSkoalbern

Al mei al in prachtige keatsdei hjoed, wer by ús grutte tank wer út giet nei ús sponsor Handelsonderneming Altac en de frijwilligers die hjoed wer foar ús klear stûnen! Karin, Roelie, Corrie, Annemiek, Hester, Geertje …… bedankt foar jim help!

Nije wike snein de alder-bern party die jim fansels net misse meie, dus jou jim foar woansdei 17 juny noch op by Fetsje. We ha moai waar besteld by Piet P, dus meitsje we der dan wer in prachtige dei fan!

Jeugdkommisje, Hans, Carin, Annette, Joke, Fetsje, Klaas en Liesbeth

20150610Altac1

 

20150610Altac1

20150610Altac1

 

Back To Top