15-08-2015 – Bospartij

Op sneon 15 augustus wie it de dei fan de BOS-partij. In jeugdledepartij yn de fakânsje sûnder de KNKB-keatsers. Je sjogge dan dat de oare keatsers better begjinne te keatsen.

Bij de kabouters hiene we 3 twatallen en 1 trijetal. 9 keatsers yn in poule. Dat der fûleindich keatst waar dat wie te sjen yn de einútslach. Net ien fan de partoeren hie 3 x wûn. Op it 4de plak wie einige partoer 2 mei Fianne Dijkstra, Tjalling Bouma en Sibrand Stremler mei 13 earsten foar en 14 tsjin. Op it tredde plak partoer 1 mei Geertje v/d Weide en Theunis Ynema mei 14 foar en 15 tsjin. De preemje gong nei partoer 4 mei Jorn Hiemstra en Sander Velzen mei 16 earsten foar en 14 tsjin. De 1ste priis wie foar Jorrit Stap en Brecht Stegenga 18 foar en 12 tsjin.

20150815Easterein Bospartij1

By de welpen wie it ferskil wat grutter dan by de kabouters. 1 partoer mei de beide neefkes Niels Hiemstra en Jildert Hiemstra wie dúdlik wat te sterk. Se wûnen alle trije partijen en oer alle partijen mar 6 earsten tsjin. Op it twadde plak partoer 2 mei Senay Sixma en Liset Sijbesma mei 17 foar en 10 tsjin. Tredde wie partoer 1 mei Jesper Paauw en Daniël v/d Weert mei 11 foar en 12 tsjin. Wol ferskuorrend goed keatsend mar helaas wie dat net oan de punten te sjen wie it partoer fan Bernou v/d Velde en Anke Blanksma. Se hiene mei 3 earsten foar en 18 tsjin it 4de plakje.

20150815Easterein Bospartij2

De pupillen en de skoaljeugd goaie we meastentiids by dizze partij yn 1 kategory. 15 keatsers. 3 twatallen en trije trijetallen. We keatsten it nije poulesysteem. 1-4 2-5 en 3-6, dat eltsenien koe los. Foarôf wist eltsenien hast wol wa at der winne soe nl. Hendrik v/d Eems, Thijs Janssen en Halbe Willem Overal, mar it moast yn it fjild barre. Yn dizze kategoryen sjogge je dat de pupillen net ûnder dogge fan de Skoaljeugd mar ek dat de skoaljeugd better keatsen giet sûnder de KNKB keatsers der by. Se moatte no it foartou nimme yn it partoer. De einútslach:

6de plak: Rimmer Kamstra en Niels Janssen mei 6 foar en 18 tsjin
5de: Jelmer Brouwer, Emma Stegenga en Tjalle Durk v/d Eems mei 12 foar en 16 tsjin
4de plak: Bauke Reijnhoudt, Siebo Boersma en Marc Janssen mei 15 foar en 16 tsjin.
3de plak Nadja Sixma en Redmer Stegenga mei 16 foar en 13 tsjin.
2de plak foar Sydrik Kooistra en Amber Reijnhoudt mei 17 foar en 13 tsjin
1ste plak foar Hendrik v/d Eems, Thijs Janssen en Halbe Willem Overal mei 21 foar en 2 tsjin

20150815Easterein Bospartij3

Folgjende partij is op freedtejûn 4 septimber om 19.00 oere.

Dan gean we los mei it nachtkeatsen foar de jeugd. Opjefte kin oant tiisdei 1 septimber oant 20.00 oere fia opjeftejongerein@kfeasterein.nl

 

Us tank giet út nei alle frijwilligers dy’t ús holpen hawwe om dizze keatsdei ta in goed ein te bringen. Ek wol de jeugdkom. tank sizze oan de stipper fan dizze dei: BOS meganisaasje Easterein.

De jongereinkommisje: Joke, Annette, Fetsje, Hans, Klaas, Carin en Liesbeth