13-04-2014 – HAK Sealkeatsen jongerein

Op snein 13 april de 1ste keatswedstriid foar de jongerein mei 13 keatsers op de list.

 

Foarôfgeand oan de keatswedstriid earst nei de kantine fan de Skoalleseize foar de ynformaasjegearkomste fan de Technyske Kommisje fan KF Easterein.

Der wa útlein wa at de partoerbegelieders, teambegelieders ensh. binne fan de ferskate kategoryen. Ek de kleurekaart en it keatskamp kaam oan oarder. Om 12.45 de bern mei de JK kommisje nei de sporthal en de âlders op kursus by Siemke Andela oer “sportyf coachen”.

20140413 TRaapôf1 

20140413 TRaapôf 2 

20140413 TRaapôf 3

Omdat we de sporthal mar oant 15.30 hiene, hawwe we fan te foaren ôfpraat dat der per omloop 45 minuten keatst wurd en 5 minuten rest of it moat wêze dat de partij al earder út is fansels. It winnende partoer krijt 7 earsten. Omdat de âlders noch by Siemke sieten te switten wie it noch tige rêstich yn de sporthal wer de spoaren fan de CoVos feestjûn noch dúdlik sichtber wie.

20140413 AHAK Sealkeatsen1 

Op de earste list spiele it partoer fan Remon Tie Bouma, Bauke Reinhoudt en Machtelt Veltman tsjin it partoer fan Selma de Boer en Nynke Paauw. Nei 45 minuten wie de stân 4-4 2-2. Der moast noch efkes trochkeatst wurde want der moat wol in winner útkomme. Troch in “boppeslach” fan Remon Tie koene we by dat partoer de 7 punten byskriuwe. partoer 3, Rutger Wiersma en Nadja Sixma wiene net sterk genôch foar it partoer fan Bote Jellema en Amber Reijnhoudt. Se woenen mei 5-1 6-6. Yn it tredde perk in spannende partij tusken Kees van der Horst en Roelie Kroondijk tsjin Rimmer Kamstra en Corrie Kroondijk. Kees en Roelie woenen de partij krekt mei 5-5 6-2.

 

 

Op de 2de list wat minder spanning by de partijen. Selma en Bauke tsjin Kees en Amber wa 5-1 6-4. Yn perk 2 Bote en Roelie tsjin Remon Tie en Corrie wa it 5-3 4-6 en yn it 3de perk Rutger, Machtelt en Nadja tsjin Rimmer en Nynke. Rutger c.s. wûnen dat mei 5-0 6-2. 

Wat we op de 2de list net seagen dat kaam op de 3de list wol nei foaren. Der wa wer fûleindich keatst en dat wie ek te sjen oan de útslaggen. Yn perk 1. Remon Tie en Bauke tsjin Bote, Nynke en Amber Dit wa wûn troch Bote c.s. mei 3-5 2-0. Yn perk 2 Selma en Machtelt tsjin Rimmer en Corrie. Corrie c.s. gongen fûleindich fan start en it wie samar 2 earsten foar har,mar Selma en Machtelt helle goed yn en nei 45 minuten wie de stân 3-3 en 2-0 foar it partoer fan Selma en Machtelt. Yn it 3de perk de partij fan Rutger en Roelie tsjin Kees en Nadja. Dizze partij gong aardich gelyk op en it wa úteinlik 4-4 0-2 foar it partoer fan Kees en Nadja.

 

De útslach fan de A.HAK sealkeatspartij:

1A. Bote Jellema 21 foar en 7 tsjin

1B. Machtelt Veldman 21 foar en 7 tsjin

2A. Selma de Boer 18 foar en 10 tsjin

2B. Roelie Kroondijk 18 foar en 14 tsjin

20140413 AHAK Sealkeatsen2