26-04-2014 – Keningspartij

Hjoed waard foar it earst de Keningspartij ferkeatst. Under prachtige waarsomstannichheden – lekker sintsje, bytsje wyn en in noflike temperatuer – koe elts sich wer nei hartelust útlibje op it fjild. Mei yn totaal 24 partoeren op de list giene we rûn 10.15 oere los. 

20140426 Keningspartij 

(klik op de foto foar in grutter eksimplaar)

 

Yn de A klasse by de manlju in moaie poule fan 4 partoer. Hjir waard om raak en spannend keatst tusken dé kanonnen fan de KF. Mei 3 oerwinnings gienen Bote Jellema, Robert Sijbesma en Jan Schurer mei de krânsen nei hús. In 2e priis wie foar Danny Roos, Remon Tie Bouma en Jelte Pieter Dijkstra.

 

 

Mei 10 partoer keatsten de B manlju fia in ‘gewoane’ list. Yn de ferliezersronde gie de finale tusken René Velzen, Roel Sijbesma, Han Kooistra en Hendricus Tacoma, Tymen Dijkstra, Rimmer Kamstra. Mei de sifers 5-2/6-4 wûnen Hendricus c.s.

 

Yn de finale gie de striid tusken twa 2-tallen: Harm Auke Dijkstra, Tom Couperus en Christian Hoekstra, Ids de Boer. Harm Auke en Tom pakten flot in foarsprong fan 4-1, hjirnei kamen Christian en Ids knap werom oant 4-4. Mar doch wiene it Harm Auke en Tom dy’t oan it langste ein lutsen en wûnen mei 5-4/6-4. In 3e priis wie der noch foar Tjeerd Dijkstra en Tom Veldman.

 

 

Lykas by de A manlju keatsten ek de A froulju yn in poule fan 4 partoer. Mei 3 klinkende oerwinnings wie de krâns foar Tineke Dijkstra, Petra Jellema en Martine Tiemersma. Ûntank it feit dat Dian Dijkstra blessearre útfoel nei de 1e omloop wûn sy doch noch de 2e priis mei har maten Judy Bergsma en Janieke Dijkstra.

 

 

Yn de B klasse keatsten de froulju yn 2 poules fan 3 partoer.

Yn poule A wûnen Mattie Dijkstra, Gerbrig Reitsma en Wilma Sjaarda beide partijen en fertsjinnen op die manier in plak yn de finale.

Yn poule B wie it efkes in tellerij foar de wedstriidlieding: alle 3 partoeren hiene likefolle foar –en tsjinearsten. By 2 partoeren wiene sels de sifers yn it lêste earst itselde. Uteinlik joech it ûnderlinge resultaat de trochslach: Jetske Sieperda, Selma de Boer en Antsje Stenekes waarden de tsjinstanners fan Mattie c.s..

De finale brocht net folle spanning, mei 5-1/6-0 wie dit in dúdlike proai foar Jetske, Selma en Antsje.

 

Om 17 oere koene we de 1e keatsdei fan dit seizoen ôfslute mei it útrikken fan de prizen. Tot yn de lette oerkes bleaun it noch lang gesellich yn de Skoalleseize ûnder it genot fan in hapke, drankje en de muzyk fan Butterfly!

 

 

A klasse manlju

1e priis: Bote Jellema, Robert Sijbesma, Jan Schurer

2e prii: Danny Roos, Remon Tie Bouma, Jelte Pieter Dijkstra

 

B klasse manlju/winnersronde

1e priis: Harm Auke Dijkstra, Tom Couperus

2e priis: Christian Hoekstra, Ids de Boer

3e priis: Tjeerd Dijkstra, Tom Veldman

 

B klasse manlju/ferliezersronde

1e priis: Hendricus Tacoma, Tymen Dijkstra, Rimmer Kamstra

2e priis: René Velzen, Roel Sijbesma, Han Kooistra

 

 

A klasse froulju

1e priis: Tineke Dijkstra, Petra Jellema, Martine Tiemersma

2e priis: Dian Dijkstra, Judy Bergsma, Janieke Dijkstra

 

B klasse froulju

1e priis: Jetske Sieperda, Selma de Boer, Antsje Stenekes

2e priis: Mattie Dijkstra, Gerbrig Reitsma, Wilma Sjaarda