13E JONG-FEINTE

Woansdei 26 july 2017 giet de 13e Jong-Feinte los!

Oanfang: 10:00 oere

Lokaasje: Sportpark De Skoalleseize yn Easterein


 

Lotting

Moandei 24 july 2017 wie de lotting. Yn oanwêzigens fan it folsleine bestjoer en stiper en earelid Jan Hiemstra, stiper Jouke Huitema fan Nylân en de beide skiedsrjochters Sieperda en Hiemstra  en in tal fan oare belangstellenden waard de lotting iepen troch foarsitter Dirk-Yde Sjaarda.

 

DE JONG-FEINTE LIST

 

Op dizze 13 edysje dogge 25 partoeren fan 23 ferienings mei!

We binne as feriening tige wiis mei de opkomst fan safolle junioaren en jonges! Want úteinlik giet om de keatsers en it keatsen fan de Freule nei de PC! Op de list steane 9 keatsers dy wis binne fan de PC 2017 yn Frjentsjer. En 3 dielnimmers oan de Jong-Feinte stride tongersdei 27 july foar it 16de PC-plakje.

 

 

Dielname alle jierren

Jaar

2005

2006

2007

2008

2009

2010

Partoeren

26

24

26

26

26

24

Ferienings

23

20

23

23

24

20

Jaar

2011

2012

2013

2014

2015

2016

2017

Partoeren

27

27

25

28

28

26

25

Ferienings

20

26

21

24

24

22

23

 Op de  13e edysje trije (ferienings) dy debutearre: Ljouwert, Mantgum en Spannum

Alle 13 edysjes meidien: Dronryp, Easterein, Tsjummearum en Wommels

66 ferskillende ferienings ha meidien

Wol op NK Junioaren, mar net op Jong-Feinte: Grou, Hijum-Feinsum, Weidum

Wol op Jong-Feinte, net op NK Junioaren: Seisbierrum-Pitersbierrum 2, Dronryp 2, Winsum, Niawier-Metslawier-Easternijtsjerk, Arum, Mantgum, Spannum, Wjelsryp

Sjoch foar alle ynformaasje by Jong-Feinte, ynformaasje

 

Lieding

De lieding fan de Jong-Feinte op it fjild is yn hannen fan Jenco Sieperda fan Wytmarsum en Sipke Hiemstra fan Easterein.

 

Bysûnderheden

Radio Eenhoorn is presint! Fan ôf 13:00 oere folget in live-útstjoering fan de Jong-Feinte.

Sjoch op http://www.radioeenhoorn.nl of folgje @Radioeenhoorn op Twitter of https://www.facebook.com/radioeenhoorn

 

De Jong-Feinte is ek live te folgjen op dizze website (www.kfeasterein.nl), twitter (@KFEasterein) en Facebookside KF Easterein

En fansels alle oare parse en fotografen fan herte wolkom!

 We winskje alle dielnimmers in soad sukses en elk in moaie Jong-Feinte dei ta op de 4e woansdei fan july!