Keatskes 23-07-2017

In ‘doordeweeks’ programma ôfrûne wike mei keatserij op moandei en woansdei. Mar ek yn it wykein waard der folop keatst. Under mear foar de pleatsing foar de manlju’s PC (2 augustus). Bauke Dijkstra is al fersekere fan dielname oan de PC. Jan Schurer en âld-Eastereiner Jelte Pieter Dijkstra moatte tongersdei tidens de Keats-off prebearje it lêste plakje te bemachtigjen foar de grutte dei. Alfêst sukses mannen!

 

 

MOANDEI 17 JULY

 

Makkum, manlju en froulju 1e klas, t.i.l.

 

3e priis: Dirk-Yde Sjaarda

 

 

2e priis: Jeska Terpstra

 

 

WOANSDEI 19 JULY

 

Minnertsgea, froulju haadklasse, f.f.

 

3e priis: Imke van der Leest

 

 

SNEON 22 JULY

 

Wytmarsum, froulju, 1e klas, f.f.

 

1e priis: Sietske Okkema en Marije Hiemstra

 

 

 

2e priis: Jeska Terpstra

 

 

Easterlittens, manlju 50+, t.i.l.

2e priis, B klasse: Douwe Durk Reitsma

 

Marrum, manlju f.f. (Noarderleech partij)

3e priis: Danny Roos

 

 

SNEIN 23 JULY

 

Marsum, froulju 1e klas, f.f.

3e priis: Sietske Okkema en Marije Hiemstra

 

Alde Leie, famkes, t.i.l.

 

2e priis B klasse: Corrie Kroondijk

 

Huzum, froulju haadklasse, f.f.

 

Mei ‘alles oan ‘e hang’ yn de finale krekt ferlen….

 

2e priis: Imke van der Leest

 

 

Kommende wike (24 july – 28 july)  docht Corrie Kroondijk mei oan it EK Wallball yn Valencia. In hiele belibbenis. Sukses Corrie!

 

En fansels woansdei de Jong-Feinte Partij!! Oanfang 10.00 oere. It Eastereiner partoer bestiet út: Bote Jellema, Rémon Tie Bouma en Doede Rients Okkema. Sukses jonges!