Skip to content

12-08-2012 – Senioaren 1e klase frije formaasje

Under prachtige waarsomstannichheden waard hjoed yn Easterein de manlju 1e klas f.f. keatst. Dit jier 19 partoer op de list en neidat de geselektearde keatsers harren klean krigen hiene koe de wedstriid únder lieding fan skiedsrjochters Bierma en klupskiedsrjochter Dijkstra dan ek los.

20120812 KNKB_Sen1eklasFrijeformaasje1

De 1e klas partoeren sieten moai ferdielt op de list en sy wisten de ferwachtings wier te meitsjen. Yn de heale finale it sterk en erfaren partoer fan Michiel Scheepvaart, Herman Sprik en Gert Jan Meekma tsjin it jeugdige trijetal Haye Jan Nicolay, Hendrik Jan v.d. Velde en Tjisse Steenstra. Michiel cs komme al redelik gau op 3-1 mar dernei pakke Haye Jan cs fjouwer earsten op rij en liket it as stappe sy snel de finale yn. Mar Michiel cs binne taai en komme dochs wer neist Haye Jan cs. Uteinliks moatte sy yn it lêste earst dochs belies jan en stappe Haye Jan cs, nei in moaie sitbal fan Tjisse op 6-0, as winners fan it fjild.

20120812 KNKB_Sen1eklasFrijeformaasje2

Yn de finale nimme Haye Jan cs it op tsjin it partoer fan Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Gerrit Meijer, nei de earste omloop ynfallen foar de blesseare Jouke Bosje. Dirk-Yde cs woenen op de tredde list fan Kevin Jaarsma cs mei 5-1 6-2 en hiene dernei in steand númer.

It wurdt in spannende finale mei in soad boppeslachen. De partoeren binne goed oan mekoar weage en de partij giet hieltyd lykop. It wurdt dan ek 5-5. Uteinliks wint Dirk-Yde yn eigen doarp mei syn maten troch sterk keatsen yn it lêste earst. Op 6-0 makket Dirk-Yde sels mei in sitbal de partij út.

 

 

Utslach 1e priis Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Gerrit Meijer 2e priis Haye Jan Nicolay, Hendrik Jan v.d. Velde en Tjisse Steenstra 3e priis Michiel Scheepvaart, Herman Sprik en Gert Jan Meekma

 

 

Alle frijwilligers, skiedsrjochters Bierma en Dijkstra wurde noch ris tige tank sein foar harren ynset. En fansels Drukkerij van der Eems út Easterein, stiper fan dizze moaie partij!

Back To Top