27-04-2015 – Keningsdei

Nei’t om goed 10.00 oere it iepeningswurdsje troch Mattie dien is, is it keatsseizoen 2015 los. Om kertier oer tsienen koene we los yn 4 klassen; Froulju A en B en manlju A en B.

 

De dielname wie ûngefear it selde as ferline jier. Al misten we al wat minsken. Dertroch wienen der al wat ferrassings yn de A klasse manlju. De mannen moasten der al efkes oan wenne om dizze klasse te keatsen mar it die bliken yn de rin fan de die dat se harren dêr mar goed troch hinne slaan koenen. Sels de tsjinearsten moasten berekkene wurde om de twadde priis ta te kennen.

 

By de froulju B foel op dat der mar in pear “âldsjes” meidieden en der in protte jonge famkes op it fjild om huppelen. Moai dat dizze froulju der nocht oan ha. It waar foel, neffens de berjochten, ta. It sintsje skynde de hiel dei wol wat en de wyn bleaun moai achter de kantine, jeu de boulesbaan en it materialenhok hingjen.

 

Dus in hearlike moaie sportive keatsdei. Om goed fjouwer oere wie de lêste slach en dus de earste keatswedstriid wer in feit.

20150427 Keningsdei1

De útslaggen:

Manlju A

1e priis: Danny Roos, Hans Kooistra, Robert Sybesma

2e priis: Simon Kingma, Tjerk Politiek, Ewout de Boer

 

Manlju B

1e priis: Hendricus Tacoma, Jorrit Veldman, Thom Veldman

2e priis: Stefan van Krimpen, Mebius de Boer, Wietse Vink

3e priis: Jan Vellinga, Martin Overal, Bas van der Weij

1e ferl: Durk Jorrit van der Eems, Wietse Ligthart, Sjouke Schilstra

2e ferl: Tjeerd Dijkstra, Jan Bouke Bouma, Rinze de Jong

 

Froulju B

1e priis: Mattie Dijkstra, Selma de Boer, Lisa de Jong

2e priis: Sanne Jorritsma, Mirjam Punter, Geja Hofstee

 

Froulju A

1e priis: Martine Tiemersma, Gerry-Edou Mollema, 

2e priis: Marije Hiemstra, Sieta Tessemaker