Snein 28 augustus wie de lêste senioaren ledewedstriid fan dit jier. Dizze wurdt stipe troch ynstallaasje bedriuw de Jong.
We woene der as bestjoer in spesjaal tintsje oan jaan en dêrom wie der nei de wedstriid noch in barbecue foar de keatsers en oare belangstellenden. Foar de bern wie der in springkessen en ûnder it keatsen waard der ek noch mei prizen struit. Foar in boppeslach, sitbal, kweaslach en somtiden moast der en noch in koprol of hanstand by makke wurde. It waard sa in hiele gesellige keatsdei.
De opjefte foar de keatsers wie sa dat der by de manlju en froulju yn poules keatst waard. Nei trije omlopen, wêr it by de manlju oant it lêste earst ta spannend wie wa at mei de prizen der fan troch gean soe, wie de lêste ledewedstriid foarby en koene de prizen ferdield wurde. Al wie it wachtsjen wol op ien die lekker efkes nei hûs wie om ûnder de brûs te stean en fris en fruitich oan te skowen by de bbq.
Nei it lekkere fleis wat bakt waard troch René en Christian ha in pear froulju noch wat lotsjes foar it draaiend rêd ferkocht en sa gie hast elkenien wol mei in priis nei hûs. We hoopje dat we oare jier noch mear leden by de wedstriden sjogge. It wie in gesellige neisit mei muzyk fan ús DJ JBB.
Hjirûnder de útslagen:
Struiiprizen:
Manlju aksje
Tjeerd Dijkstra kweaslach
Dirk Yde Sjaarda boppe yn tuskenspul
Rémon Bouma boppeslach
Ype Tiemersma sitbal
Tymen Dijkstra boppeslach mei koprol
Harm Dijkstra sitbal mei hanstand
Bote Jellema retourslach yn it perk
Froulju aksje
Karin Sjaarda kweaslach
Wiepkje Hiemstra boppeslach
Wiepkje Hiemstra sitbal
Yvonne Terpstra sitbal
Yvonne Terpstra sitbal mei hanstand
Wiepkje Hiemstra boppeslach en om ekweapeal drave
Net fallen Boppeslach yn it tuskenspul
Froulju:
1e priis: Judy Bergsma, Karin Sjaarda
2e priis: Wiepkje Hiemstra, Dieuwke Kooistra
Manlju:
1e priis: Hans Kooistra, Harm Dijkstra, Wietse Vink
2e priis:Anco Elgersma, Peter Stuiver