07-05-2014 – Kniplokaeltsjepartij

Woansdei 7 maaie wie de Kniplokaeltsjepartij. De nije eigner fan it Kniplokaeltsje, Grietje Lijklama fan Wommels, stipet dizze partij no.

De ferwachtings fan it waar wienen net sa moai..mar it is wer in prachtige keatsdei wurden. Bern wiene enthousiast en dat komt fêst ek noch fan it keatskamp.

 

Kabouters

 

Bij de kabouters waard der hjoed foar it earst it gewoane spul keatst mei hjir en dêr in oanpassing sa dat eltsenien wat te dwaan hat. Dit wie foaral foar de begelieders wat neitinken mar de bern binne flexibel en pasten sich maklik oan. De 2e jiers kabouters hiene it snel yn de gaten. Bij de kabouters wie it spul net sa snel út as dat it foarhinne wol west hat. Se hawwe allegearre follop keatst.”Headklasse kabouterkeatsen” waard der fanôf de sydline al sein. 

20140507 Kniplokaeltsje1-kabouters 

It keatskamp hie al syn fertuten dien want der wiene bern die al in aardiche bal slaan koenen…en guon moasten it fan it praat hawwe. Se keatsen yn in heale kompetysje allegearre 3 kear.

De twadde priis wie foar de debutanten Ridzert Veldman en Zamile Janssen. In degelijk pertoer. Sij hiene wol twa kear ferlen mar mei 5 earsten gelyk en dan pak je wol de punten.

De krâns wie foar Anke Blanksma en debutante Tjitske Joustra. It gie foartrefflik mei dit stel fandêr de krans ek. Neffes ús hawwe alle bern it tige nei it sin hân. It is soms noch wat lestich al dy regeltsjes en dan benammen de net skreaune regeltsjes , hoe gean je mei mekoar om en wat sizze je wol en wat net. De bern hiene dit gau yn de gaten en it wie in sportief barren. 

 


Welpen

 

Bij de welpen waard in gewoane kompetysje keatst mei in ferliezers ronde.

Yn beide finales, winners en ferliezers, wie it ferrekte spannend. Beide finales eindigden yn 5 earsten gelyk en 6-4. De winners yn de winnersronde binne wurden Rutger Sijbesma en Daniël v.d. Weerdt de 2e prys is wûn troch Redmer Wiersma, Jildert Hiemstra en Bernou v.d. Velde.

De winners yn de ferliezersronde binne wurden Redmer Stegenga en Niels Hiemstra de 2e prys is deryn wûn troch Arjen Stremler, Senay Sixma en Mirthe Overal.

20140507 Kniplokaeltsje2-welpen  


Pupillen

 

Bij de pupillen wie der in heale kompetysje wer yn at se 3 kear keatst hawwe. Sawol de 1e pryswinners as de 2e pryswinners hien 21 earsten foar dat betekent dat se alle wedstryden wûn hawwe. De 1e pryswinners hien allinich minder earsten tsjin en sadwaande hawwe sy wûn. De 1e prys gong nei Corrie Kroondyk en Halbe Willem Overal. De 2e prys gong nei Roelie Kroondyk, Amber Reijnhoudt en Jan Joustra.

 

20140507 Kniplokaeltsje3-pupillen  


Skoalbern

 

De skoaljeugd en jonges en fammen hawwe dizze kear tegearre keatst , der wiene mar 2 fammen die sich opjûn hienen en gjin jonges. Der wiene 4 pertoer en hja hawwe allegearre in kear tsjin mekoar keatst . De 1e prys wie foar Jeska Terpstra, Alien Dykstra en Jeljer Overal. De 2e prys wie foar Selma de Boer ,Sydrik Kooistra en Kees v.d. Horst 

20140507 Kniplokaeltsje4-Skoalbern

 

Wij hawwe in moaie keatsdei hân…en wolle eltsenien die ús holpen hat dizze dei nochris betanke. Dermei wie ek dizze dei wer in succes!