2e priis op de PC foar (âld-)Eastereiner Jelte Pieter Dijkstra!

Jelte Pieter Dijkstra wint tegearre mei syn maten Hendrik Jan van der Velde en Sjoerd de Jong in prachtige twadde priis op de 161e PC yn Frjentsjer. Yn de finale ferlieze se tsjin it sterke partoer fan Gert-Anne van der Bos wa keatst mei Jacob Wassenaar (ynfallen foar Taeke Triemstra) en Daniël Iseger (Kening). It wurdt 5-0 6-6.

 

foto jelte pieter kaatsnieuws(Foto: Kaatsnieuws)


Yn de earste omloop troffen de gebroeders Dijkstra mekoar. Jelte Pieter Dijkstra c.s. keatsten spannend tsjin Bauke Dijkstra mei Gosse Beeksma en Rudolf Soepboer. Op 5-3 6-6 wist it partoer fan Jelte Pieter de winst te pakken.

 

Dirk-Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Siebe Greidanus hienen in dreech lot tsjin Martijn Olijnsma, Marten Feenstra en Pier Piersma. It waard dan ek 5-2 6-6. Folgende kear better!

 

Yn de twadde omloop keatsten Jelte Pieter, Hendrik Jan en Sjoerd tsjin Haije-Jan Nicolay, René Anema en Jan Schurer. Sy wûnen de earste omloop ferrassend fan de âld-earstepriiswinners fan 2013: Johan van der Meulen, Renze Hiemstra en Hylke Bruinsma. Dizze partij waard 2-5 6-6 yn it foardiel fan Jelte Pieter.

 

De heale finale wie spannend tsjin Martijn Olijnsma c.s. Jelte Pieter, Hendrik Jan en Sjoerd kamen op in achterstân fan 5-3 mar lieten it der net by sitte. Se fjochten werom en op in stân fan 5-5 0-0 sloeg Martijn de bal bûten, Hendrik Jan twa kear boppe en Martijn wer foar. Op 5-5 6-0 is der dus in finaleplakje foar Jelte Pieter.

foto kaatsnieuws

(Foto: Kaatsnieuws)

Wêr eltsenien hoopte op in stunt yn de finale, kaam dat spitigernôch net út. It wie foaral it perk fan Jacob Wassenaar en Daniël Iseger wat net te brekken wie, wat Jelte Pieter en Sjoerd ek prebearjen. Op 5-0 6-6 wie der noch in kâns op it buordsje, mar ek dizze bal gong boppe. Fan herte mannen mei dizze moaie twadde priis!